nijs

fries museum
nijs

256.450 besikers escher

Mei de tentoanstelling Escher op reis hat it Fries Museum 256.450 besikers lutsen. Dêrmei is it de bêstbesochte tentoanstelling oait yn de skiednis fan it Fries Museum, dat yn it earstoan 120.000 besikers ferwachte. Mei dat sukses lit Escher rekôrhâlder Alma-Tadema, dy’t yn 2016-2017 yn fjouwer moanne tiid 158.000 besikers luts, fier achter him. Troch de enoarme populariteit fan Escher op reis wie it Fries Museum in healjier lang hast alle dagen útferkocht. Besikers en (ynter)nasjonale media wienen foaral te sprekken oer de kwaliteit fan de tentoanstelling.

Foar de perioade fan 28 april oant en mei 28 oktober helle it Fries Museum M.C. Escher werom nei syn bertestêd Ljouwert. Yn Escher op reis koest syn ûntwikkeling folgje fan grafysk talint ta wrâldferneamd keunstner. Oan ’e hân fan mear as tachtich orizjinele printen, sa’n tweintich tekeningen en ferskate foto’s en foarwerpen trêdest yn de fuotleasten fan de reislustige grafikus, dy’t yn Italië en Spanje ynspiraasje fûn foar syn bekendste wurken. It ynnovative tentoanstellingsûntwerp fan XPEX Amsterdam fersterke de belibbing fan Escher syn libben en wurk.

Museumdirekteur Kris Callens sjocht tefreden werom: ‘It Fries Museum is grutsk dat it meiEscher op reis in healjier lang it hert fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 wêze mocht. It is ús slagge om mei in sterk opboud ferhaal en mei bysûnder útljochte orizjinele printen nij ljocht te skinen op it wrâldferneamde wurk. 3D streetart, “Escher in het graan” en aktiviteiten mei bern en âlderen makken it yn de stêd, yn de regio en op social media ta in projekt fan en foar elkenien: Planeet Escher. Mei Phantom Limb - Art Beyond Escher krige de tentoanstelling in ynspirearjende eigentiidske útwreiding. Dit jier jout ús enerzjy om troch te gean mei it, fanút ús Fryske woartels, meitsjen fan ynternasjonale tentoanstellingen fan hege kwaliteit mei in lege drompel.’

gigantysk sukses

De tentoanstelling wie fan it begjin ôf populêr. It museum wie suver alle dagen útferkocht en ferromme dêrom ferskate kearen de iepeningstiden. Ut publyksûndersyk docht bliken dat besikers de tentoanstelling mei gemiddeld in 8,4 beoardielje. Fan de besikers kaam 96 prosint spesjaal foar de Escher-tentoanstelling nei it museum. Fierder kaam 22 prosint fan de besikers út Fryslân, 10 prosint út it bûtenlân en 68 prosint út de rest fan Nederlân. Foar in bytsje mear as de helte wie it it earste besyk oan it Fries Museum. Ek online waard it museum goed besocht. Yn de tentoanstellingsperioade waard de website 700.000 kear besjoen.
Dêrneist blieken de audiotour en interactives in gouden greep. De audiotour, yn it Nederlânsk ynsprutsen troch topakteur Pierre Bokma en yn it Ingelsk troch regisseur Peter Greenaway, waard troch 71.000 besikers beharke. Yn de Escherstudio, neiboud neffens Escher syn wurkpleats yn Rome, makken 8.212 besikers in digitale houtsneed en 41.166 besikers in selfy nei it foarbyld fan it topstik Hand met spiegelende bol (1935).

media-omtinken

Ek de parse hie in soad omtinken foar Escher op reis. Der ferskynden 1.814 artikels yn printe media en op ynternet, mei in mediawearde fan € 5.198.103. NRC joech de “prachtige expositie” fiif stjerren en neamde de tentoanstelling “adembenemend” en “verbluffend mooi uitgelicht”. Yn de Ljouwerter Krante waard de ‘útsûnderlike beljochting’ ek bejubele. BBC kroande Escher op reis ta ‘it artistike hichtepunt fan Kulturele Haadstêd’ en New Scientist spruts fan in “fraaie, verhelderende en veelomvattende tentoonstelling die absoluut een bezoek waard is”.

ekonomyske impact ljouwert

Mei-inoar joegen besikers yn Ljouwert € 8.061.814 út oan tickets, iten, drinken, oernachtsjen, winkeljen en oare aktiviteiten. 195.325 minsken kamen spesjaal foar it Fries Museum nei Ljouwert of binne langer yn de stêd bleaun fanwege de tentoanstelling. Fierder bleaunen 29.270 minsken gemiddeld 1,8 nachten te sliepen yn Ljouwert. Sa soarge de tentoanstelling foar mear as 53.000 oernachtingen yn de stêd.

leare, lêze, keapje

Mear as 7.300 learlingen besochten de tentoanstelling, en dêrfan gongen 500 sels oan ’e slach mei in byldzjende aktiviteit yn it atelier fan it museum. Nochris 3.100 learlingen krigen gastlessen oer Escher op skoalle.
Ek de museumshop en de pop-up store dienen it goed. Fan de twatalige tentoanstellingspublikaasje waarden 7.272 eksimplaren ferkocht. Yn totaal gongen der 196.119 artikels oer de toanbank. De omset fan de museumwinkel wie dêrmei € 927.714.

escher en rembrandt

Mei de ein fan Escher op reis is de grafikus noch net út byld. Planeet Escher rint noch it hiele jier troch en de tentoanstelling Phantom Limb: Art beyond Escher is oant en mei 6 jannewaris 2019 te sjen.
Dêrneist earet Keramiekmuseum Princessehof, it bertehûs fan Escher, ien fan syn ferneamdste bewenners oant 31 jannewaris 2020 mei in presintaasje fan jeugdfoto’s, foarwerpen en filmfragminten. Yntusken makket it Fries Museum him klear foar Rembrandt en Saskia: Leafde yn de Gouden Iuw. Mei yngong fan 24 novimber foarmje Rembrandt van Rijn en Saskia Uylenburgh de reade tried yn in tentoanstelling oer it societyhoulik yn de santjinde iuw.

De tentoanstelling ‘Escher op reis’ wurdt mei mooglik makke troch haadsponsor ING, it Blockbusterfûns, it Mondriaan Fûns, de Gemeente Ljouwert, St. Anthony Gasthuis, De Haan Advocaten & Notarissen, Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018, Aegon, Provinsje Fryslân en de BankGiro Loterij. Spesjale tank giet út nei Mark Veldhuysen (M.C. Escher Stichting), Federico Guidiceandrea en Robin Lutz.

It Fries Museum wurdt mei finansiere troch de Ir. Abe Bonnema Stichting, de Provinsje Fryslân, it Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân, EZ/Kompas, de BankGiro Loterij en Aegon.

© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden disclaimer