nijs

fries museum
nijs

2017 jout frysk museum moaie startposysje foar lf2018

It Frysk Museum yn Ljouwert hat in tige súksesfol jier efter de rêch. 145.000 minsken kamen nei it museum yn 2017, folle mear as de 100.000 dêr’t op ynset wie. It hege besikerssifer is te tankjen oan de grutte tentoanstellingen dy’t it museum organisearret yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. PublyksfavorytAlma-Tadema, klassieke verleiding (beoardiele mei in 8,6) wie te sjen fan 1 oktober 2016 oant en mei 7 febrrewaris 2017 en waard yn fjouwer moanne tiid 158.000 kear besocht (wêrfan 54.400 kear yn 2017). Mata Hari: de mythe en het meisje iepene op 14 oktober 2017. De tentoanstelling oer de Fryske femme fatale luts oant no ta mear as 37.000 besikers en stiet noch oant en mei 2 april 2018. It museum is drok dwaande mei de tarieding fan de grutte tentoanstellingen yn 2018: Phantom Limb: art beyond Escher,Escher op reis en Rembrandt en Saskia.

mata hari: de myte en it famke

Presys hûndert jier nei har dea iepene it Frysk Museum in grutte tentoanstelling oer Mata Hari. Yn twa-en-in-heale moanne kamen 37.000 minsken yn ‘e kunde mei it famke efter de myte. De tentoanstelling waard troch NRC beoardiele mei fjouwer stjerren en krige ynternasjonaal in soad omtinken. Under oaren The New York Times, The Washington Post, The Guardian, El Pais en de BBC joegen omtinken oan de eksposysje.

tentoanstellingen

It Frysk Museum iepene yn 2017 tolve gruttere en lytsere tentoanstellingen. Sits, katoen in bloei (11 maart oant en mei 10 septimber 2017), oer it mei blommen fersierde, hânbeskildere katoen út Yndia, wie populêr by it publyk en waard beoardiele mei in 8,4. It Frysk Fersetsmuseum jout permanint omtinken oan de skiednis fan de Twadde Wrâldoarloch en de Holocaust. De hjoeddeiske keunsteksposysje Beladen Landschap (4 febrewaris oant en mei 5 juny 2017) heakke in bysûndere diminsje ta oan dat ferhaal. Dêrneist wiene der noch seis lytsere presintaasjes mei hjoeddeiske keunstners út Fryslân mar ek fan fier om utens. De fêste tentoanstelling Ferhaal fan Fryslân krige in opfrisbeurt en waard op 1 april op ‘e nij iepene. It ferhaal fan Fryslân is no fia in audiotoer foar elkenien fergees te ûntdekken op syn eigen mobile telefoan.

alma-tadema, klassike ferlieding

Yn de binnen- en bûtenlânske media wie der wiidweidich omtinken foar Alma-Tadema, klassieke verleiding, oer ien fan de meast súksesfolle skilders fan de 19de iuw. It NOS Journaal joech fjouwer kear omtinken oan de eksposysje, de Volkskrant fûn dy ‘magnifiek’,The Guardian ‘epic’ en it Italiaanske La Stampa ‘magistrale’. The Huffington Post neamde de tentoanstelling ‘dazzling’. De totale mediawearde fan Alma-Tadema, klassieke verleidingwie goed 4,2 miljoen euro. Ek yn Wenen en Londen hat de tentoanstelling wurdearring fan besikers en loovjende kritiken krigen. Nei Ljouwert wie de tentoanstelling oanslutend te sjen yn it Belvedere yn Wenen en luts dêr 95.095 besikers. It tredde en lêste eksposysjeplak wie Leighton House Museum yn Londen. Yn dat lytse mar foaroansteande museum, yn it eardere wenhús-atelier fan de skilder Frederic Leighton, kamen 34.000 besikers te sjen. Alma-Tadema, klassieke verleiding is nominearre foar 2017 Global Fine Art Awards (GFAA) yn de kategory ‘Best Impressionist and Modern - Solo Artist’. Yn 2015 wûn de tentoanstelling al de twajierlikse Turing Toekenning voor het beste tentoonstellingsplan van een Nederlands museum. Ek waard de marketingkampanje nominearre foar de Cultuurmarketing Awards 2017.

ekonomyske wearde

Ut ûndersyk docht bliken dat 71% fan de museumbesikers ôfkomstich wie fan bûten de provinsje (mar wol út Nederlân). Fan harren kaam 60% spesjaal foar it museum nei Fryslân. Trochinoar spansearren sy € 67,- yn ‘e stêd en de provinsje. Dat betsjut dat it Frysk Museum yn 2017 61.770 ekstra besikers nei Fryslân luts en sa soarge foar in kapitaalynjeksje fan €4.138.590,- yn de lokale en regionale ekonomy. Boppedat oernachte hast 26% fan dy besikers hjir 1 à 2 nachten (gemiddeld 1,6 nachten). Sa soarge it museum foar mear as 25.600 oernachtingen yn Fryslân yn 2017.

ferbettere imago

Begjin 2017 liet it museum in lanlik imago-ûndersyk útfiere troch NBTC-NIPO Research. 7% fan de Nederlanners joech spontaan oan it Frysk Museum te kennen. It Noordbrabants Museum waard like faak neamd. Yn 2012, doe’t it museum noch op de âlde lokaasje siet, neamde 4 % it Frysk Museum spontaan. Mei help by de fraach nei de bekendheid joech 33% oan it museum te kennen, dêrmei is it museum lanlik hast krektlike bekend as it Noordbrabants Museum (35%) en it Drents Museum (38%). It Frysk Museum hat in posityf imago ûnder Nederlanners en wurdt sjoen as persoanlik, libben en eigentiidsk. Under de Friezen is it imago de ôfrûne jierren ferbettere. Yn 2012 fûn 29% it museum (reedlik) libben en yn 2017 wie dat mar leafst 55%. Opfallend is dat minsken dy’t de tentoanstelling oer Alma-Tadema besocht ha, it museum positiver beoardielje as minsken dy’t dy eksposysje net besocht ha. Mar leafst 64% fan de Tademabesikers fynt dat it Frysk Museum in nasjonale útstrieling hat, tsjinoer 31% fan de minsken dy’t de tentoanstelling net besocht ha. 89% fan de minsken dy’t de tentoanstelling kenne, jout oan it museum (wierskynlik) noch ris te besykjen. It súkses fan Alma-Tadema sil sa noch jierrenlang trochwurkje.

kolleksje

Tanksij it Deltaplan Digitalisering Kolleksje Fryslân, yn gong setten troch Tresoar, hat it Frysk Museum grutte sprongen meitsje kinnen mei it digitalisearjen fan de kolleksje. Goed 65% fan de kolleksje is no fan in foto foarsjoen, in stiging fan 71% yn ferliking mei ferline jier. Yn april 2015 hie mar 23% in foto.

edukaasje

It wiidweidige edukaasjeoanbod soarge yn 2017 foar mear as 12.500 skoalbesiken, foaral út it primêr ûnderwiis. Yn maart en april hawwe 40 groepen 7 en 8 fia Kunstmenu Leeuwarden in besite brocht oan it Frysk Fersetsmuseum. Yn it neijier kamen noch ris mear as 40 groepen nei Ferhaal fan Fryslân. Nei ôfrin fan dy besite ha de learlingen in wite fitrinekubus folsetten mei dingen dy’t sy belangryk fine om te bewarjen. It resultaat dêrfan is te bewûnderjen yn de eksposysje Ús Kubus, te sjen o/m 6 jannewaris 2019. Hast 1.000 learlingen en dosinten besochten Mata Hari, de mythe en het meisje en makken gebrûk fan de web-app dy’t it museum dêrfoar ûntwikkele. Boppedat besochten mear as 4.800 bern en jongeren it museum selsstannich. Se kamen foaral foar de aktiviteiten yn de skoalfakânsjes. Yn totaal organisearre it museum dit jier 186 aktiviteiten foar jong en âld, dy’t de drompel fan it museum ferlegen of soargen foar ferdjipping. Hast 4.500 besikers namen diel oan de aktiviteiten, lykas de útferkochte sits-workshops, lêzingen troch eksperts op it mêd fan Mata Hari en ferskate keunstworkshops.

website

It hiele jier troch waard de website 475.000 kear besocht. Nei de homepage waard de tentoanstellingsside fan Alma-Tadema it meast besjoen. Op social media groeide it berik fan it museum. Op Twitter gong it tal folgers omheech fan 10.195 nei 12.240 en op Facebook stiigde it museum nei 22.370 likes. Der waarden mear as 1800 artikels oer it museum publisearre yn printe media, dy’t mei-inoar goed wiene foar in advertinsjewearde fan €3.630.213.

saaklik

Aegon is dit jier de earste kommersjele partner fan it Frysk Museum wurden. Op 10 maaie 2017 ûndertekenen Aegon en it museum yn Ljouwert in mearjierrich partnerskip. In 2017 en 2018 wurkje it museum en Aegon nau gear om mei de grutte tentoanstellingen oer Mata Hari en M.C. Escher in breed publyk te berikken. Neist it partnerskip mei Aegon hat it museum 37 saaklike freonen. De partikuliere freoneclub fan it museum hat ûnderwilens 640 leden dy’t it Frysk Museum finansjeel en moreel stypje. Mei-inoar drage se jierliks sirka 100.000 euro by oan bysûndere projekten binnen it museum.

ljouwert-fryslân kulturele haadstêd 2018

Mei Mata Hari: de mythe en het meisje en Escher op reis is it Frysk Museum ûnderdiel fan it haadprogramma fan Ljouwert-Fryslân Kulturele haadstêd 2018. Fan 26 jannewaris 2018 ôf presintearret it museum dêrneist Phantom Limb: Art beyond Escher, ynspirearre op de prinsipes efter it wurk fan Escher. Yn dizze tentoanstelling presintearje tsien hjoeddeiske keunstners út binnen- en bûtenlân in alternative werklikheid. It Frysk Museum slút 2018 ôf mei in tentoanstelling oer Rembrandt en syn Saskia, fan 24 novimber ôf te sjen.

It FryskMuseum en syn aktiviteiten binne dit jier mei mooglik makke troch Aegon, Provinsje Fryslân, de BankGiro Loterij, it Samenwerkingsverband Noord-Nederland, EZ/Kompas, de Ir. Abe Bonnema Stichting, Rabobank, de Turing Foundation, Mondriaan Fonds, VSBfonds, Prins Bernhard Cultuurfonds (it Joes Meester Fonds en Netty van Doorn Fonds), Stichting Joes Lemmers Fonds, Fonds 21, Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân, Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed, Isaacson Draper Foundation, Stimuleringsfonds Creatieve Industrie, Herbert Duintjer Fonds, Stichting Woudsend Anno 1816, de Rijksoverheid, Nelleke Nix Studio Gallery Press Inc., Vrienden van het Fries Museum, Wassenbergh-Clarijs-Fontein Stichting, Gifted Art, Het Nieuwe Stads Weeshuis, Stichting Fonds voor de Geld- en Effectenhandel, de Vereniging Rembrandt, Fonds voor Cultuurparticipatie, St. Anthony Gasthuis, Fonds Bolsward-Dronrijp 1993, Van Heloma Stichting, P.W. Janssen’s Friesche Stichting, Stichting Ritske Boelema Gasthuis, Stichting Pieter Haverkorn van Rijsewijk, Stichting Siebolt Foundation, Stichting Juckema-Sideriusfonds, Boelstra-Olivier Stichting.

© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden disclaimer