ûnderwiismiddei: 80 jier frijheid

tongersdei 27 maart 2025

 Klik hier voor de Nederlandse uitnodiging

Bêste learkrêft groep 7 en 8,

Yn 2025 steane wy stil by in bysûndere mylpeal: 80 jier frijheid. Mar hoe besprekke wy dy skiednis mei ús learlingen? En hoe makkest gefoelige aktuele tema’s besprekber? It Fries Verzetsmuseum, Omrop Fryslân en Afûk nûgje dy fan herten út foar in ynspirearjende ûnderwiismiddei yn it Fries Museum op tongersdei 27 maart 2025. Op dy middei diele wy handige helpmiddels, metoaden en nije ynsichten dy’tst daliks yn ’e klasse tapasse kinst. Sa meitsje wy meielkoar de oarloch yn de klasse besprekber.


Tink derom: oanmelde voor de ûnderwiismiddei kin oant en mei tongersdei 20 maart 2025.

programma

besjoch it programma

meld dy hjir oan

tsjil tjekt ûnderwiisspecial 'oarloch yn 'e klasse'

Tsjil Tsjekt is in edukatyf online platfoarm fan Omrop Fryslân Tsjil foar de boppebou fan it primêr ûnderwiis. It online programma bestiet út ynteraktive en tematyske lessen mei edukative fideo's, opdrachten en stellingen dy’t de bern klassikaal behannelje. Tsjil Tsjekt is fakoerstiigjend en troch mei te dwaan wurkje de klassen ek oan de kearndoelen Frysk.

Fries Museum
Wilhelminaplein 92
8911 BS Leeuwarden
T: 058 255 55 00
E: info@friesmuseum.nl

iepeningstiden

tiisdeis o/m sneins 11.00 - 17.00 oere
moandei sletten


© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden | disclaimer