taus makhacheva

21 april 2021
t/m 6 maart 2022
taus makhacheva

taus makhacheva

it’s possible to raise the ceiling a bit*

It Fries Museum yn Ljouwert lit fan 27 maart 2021 oant en mei 6 maart 2022 wurk sjen fan Taus Makhacheva (Moskou, 1983). Yn de eksposysje wurde films, objekten en ynstallaasjes tentoansteld en nij wurk dat se spesjaal foar it Fries Museum makket. Sintrale tema’s yn de útstalling binne it befreegjen fan de skiedskriuwing en hearskjende kulturele konvinsjes. In grut part fan it wurk is foar it earst yn Nederlân te sjen.

Kenmerkjend oan Makhacheva’s wurk is de iepen blik op oare kultueren, gebrûken en rituelen. Mei in humoristyske mar krityske hâlding ûndersiket se hoe’t it lokale en it globale, tradysje en foarútgong har ta inoar ferhâlde yn de hjoeddeistige Kaukasyske maatskippij.

Charivari

multymediaal sirkus
Hichtepunt fan de tentoanstelling is it wurk Charivari (2019), dat foar it earst yn Nederlân te sjen wêze sil. De ynstallaasje docht tinken oan in sirkus, mei trapezes en kostúms fan performers. De titel fan it wurk ferwiist nei de iepeningsact wêrby’t clowns, akrobaten en oare artysten tagelyk yn de pyste ferskine om harren keunsten te fertoanen. De ynstallaasje is in bûnte miks fan skulptueren, lûd en absurdistyske ferhalen. Makhacheva: 'As bern hold ik fan it sirkus, ik dreamde der sels fan om in clown te wurden. Yn it sirkus, yn tsjinstelling ta oare kulturele lokaasjes, wie it yn de Sovjettiid mooglik om grapkes te meitsjen, dêr wie in soarte frijheid fan mieningsutering. En ik hâld fan wurken wêryn’t serieuze fragen steld wurde of earnstige soargen en eangsten besprutsen wurde. Wy libje yn turbulinte tiden. (...) Men moat fêsthâlde oan jins stive skaal en ferstienne âlde wearden of fleksibel wurde. Yn de Kaukasus liket it my ta dat it konsept fan fleksibiliteit op twa manieren waarnommen wurdt. Oan de iene kant is dy maatskippij hiel fleksibel, mar oan de oare kant is er bang foar bepaalde foarmen fan fleksibiliteit, bang dat dy syn identiteit, dy’t ferstienne is, ferneatigje kinne.'

aero

aerostatic experience
In oare yntrigearjende ynstallaasje is ûntstien út it ferhaal fan de hjitteluchtballon Le Flesselles, dy’t op 19 jannewaris 1784 in flecht makke oer Lyon. Ynspirearre troch lessen kostúmûntwerp oan it Lycée La Martinière Diderot yn Lyon, produsearre Taus Makhacheva in metafoaryske replika fan de hjitteluchtballon. Yn it wurk kombinearret Makhacheva techniken út de kleanmakkerij mei materialen út ferskillende tiidrekken, sa as de hoepelrok. De ballon fertelt de skiednis fan technology en moade, fan ynstruminten en it lichem.

taus makhacheva
Makhacheva wennet en wurket yn Moskou. Se hat in BA yn Fine Art fan Goldsmiths (2007), studearre ôf oan it Institute of Contemporary Art, Moskou (New Strategies program, 2009) en behelle in MFA oan de Royal College of Art (2013).
Makhacheva wûn ferskate prizen, sa as de New Generation – Innovation, State Prize, Moskou (2012), Future of Europe Prize, Museum of Contemporary Art, Leipzig, (2014), 6th Moscow Biennale of Contemporary Art Foundation Prize, Moskou (2015), Kandinsky Prize, Moskou, en se waard bekroand ta ‘Cosmoscow Artist of the Year’, Cosmoscow Foundation for Contemporary Art, Moskou (2018).
Har wurk is tentoansteld by Yokohama Triennial (2020), Lahore Biennial (2020), Lyon Biennial (2019), Kaunas Biennial (2019), Liverpool Biennial (2018), Riga International Biennial of Contemporary Art (2018), Manifesta 12 yn Palermo (2018), Yinchuan Biennial (2018), Venice Biennial (2017), Garage Triennial of Russian Contemporary Art (2017), Shanghai Biennial (2016), Kyiv Biennial (2015), Sharjah Biennial (2013) en Moscow Biennial (2011).
Makhacheva’s wurk is opnommen yn ynternasjonale museumkolleksjes, mei dêrûnder Centre Pompidou (Parijs), Tate Modern (Londen), Pushkin Museum (Moskou) en M HKA (Antwerpen).

*describing museum technical team possibilities, coordinator of exhibition construction Daniël Hoogterp during work zoom 28 July 2020.

It Fries Museum wurdt mei finansiere troch de Ir. Abe Bonnema Stichting, de Provinsje Fryslân, it Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân, EZ/Kompas en de BankGiro Loterij.
Charivari waard makke yn opdracht fan YARAT Contemporary Art Space, Aerostatic Experience waard makke yn opdracht fan Lyon Biennial (de produksje waard stipe troch SAM Art Projects) en The Unbound waard makke yn opdracht fan 6 Moscow Biennale of Contemporary Art (de produksje waard stipe troch Garage Museum of Contemporary Art, Moscow).

Dizze tentoanstelling wurdt foar in part mooglik makke troch it Mondriaan Fûns (it iepenbiere stimulearringsfûns foar byldzjende keunst en kultureel erfguod).

© Fries Museum - alle rechten voorbehouden disclaimer