icons

topstikken út de national portrait gallery

Yn ’e hjerst fan 2021 komt de unike kolleksje (sels)portretten fan de National Portrait Gallery út Londen nei Ljouwert. Icons: topstikken út de National Portrait Gallery toant skilderijen, foto’s, bylden, printen en tekeningen fan bûtengewoane keunstners út de hiele wrâld, fan Peter Paul Rubens en Anthony van Dyck oant Andy Warhol en Marlene Dumas. Under de portrettearre minsken sitte wrâldferneamde ikoanen, fan keninginne Elizabeth I en William Shakespeare oant Audrey Hepburn, David Beckham en Malala Yousafzai. Oan ’e hân fan hast hûndert masterwurken ûndersiket Icons it komplekse en fassinearjende sjenre fan de portretkeunst. Tanksij in grutte renovaasje fan it Ingelske museum is de topkolleksje foar ien kear yn Nederlân te sjen.

Al sûnt de prehistoarje binne wy fassinearre troch de minsklike byltenis. Hoe sjogge wy oaren en hoe wolle wy dat de oar ús sjocht? Noch altyd binne portretten fan grut belang om status en selsbyld te (be)fêstigjen. Icons lit sjen hoe’t masters út de westerske tradysje troch de iuwen hinne utering jûn hawwe oan dy fassinaasje. It ferskaat en de sosjale funksje fan portretkeunst wurde bleatlein oan ’e hân fan de tema’s macht, rom, identiteit, selsportret, fernijing en leafde & ferlies. Ien fan de reizgjende skilderijen is in spektakulêr portret fan keninginne Elizabeth I út 1575. Wûndermoaie klean en juwielen symbolisearje har rykdom en macht. Der komt ek in selsportret fan de bekende hjoeddeistige keunstner David Hockney nei Ljouwert. Sûnder tariedende sketsen of fotografyske referinsjes sette er himsels rjochtstreeks libbensgrut op it doek. De tentoanstelling wurdt oanfolle mei ferskate wurken út de samling fan it Fries Museum, dêr’t portretkeunst in lange tradysje hat en identiteit ek in belangryk tema is. De tafoege wurken yllustrearje de dwersferbannen tusken de Ingelske en de Fryske kolleksje. By de útstalling ferskynt in Ingelsktalige katalogus.

national portrait gallery
De National Portrait Gallery yn Londen waard oprjochte yn 1856. Mei mear as 215.000 wurken hat it museum de grutste portretkolleksje fan ’e wrâld. De portretten fertelle de ferhalen fan ynfloedrike manlju en froulju út de skiednis. Dr. Nicholas Cullinan, direkteur fan de National Portrait Gallery: ‘Icons biedt in uterst seldsume gelegenheid om in seleksje fan de meast koestere portretten fan de Gallery byinoar te sjen yn in ynternasjonale kontekst, yn de perioade dat it museum tydlik sluten is yn ferbân mei ús renovaasjeprojekt Inspiring People. Yn de slutingsperioade sille hûnderten wurken út ús kolleksje sawol troch it Ferienige Keninkryk as nei it bûtenlân reizgje. Wy fine it geweldich om de kolleksje fan de National Portrait Gallery op sa’n noait earder fertoande manier te dielen mei nije taskôgers oer de hiele wrâld.’ It projekt Inspiring People, dat stipe wurdt troch it National Lottery Heritage Fund, omfettet in yngripende transformaasje fan de National Portrait Gallery. It museum is fan 29 juny 2020 oant de maitiid fan 2023 ticht foar it publyk. Yn dy tiid dielt de Gallery troch de wei fan ferskate partnerships en gearwurkingsferbannen hûnderten stikken út de kolleksje, mei dêrûnder wurken dy’t mar selden útliend wurde.


Dizze tentoanstelling wurdt organisearre troch de National Portrait Gallery, Londen, en it Fries Museum.

Icons wurdt foar in part mooglik makke troch Provinsje Fryslân, Gemeente Ljouwert, Blockbusterfonds, BankGiro Loterij, Wassenbergh-Clarijs-Fonteinstichting, Meindersma Sybenga Stichting, Old Burger Weeshuis, Leeuwarder Ondernemersfonds en Stichting Het Nieuwe Stads Weeshuis.

It Fries Museum wurdt mei finansiere troch de Provinsje Fryslân, Gemeente Ljouwert, BankGiro Loterij en Ir. Abe Bonnema Stichting.

 

Fries Museum
Wilhelminaplein 92
8911 BS Leeuwarden
T: 058 255 55 00
E: info@friesmuseum.nl

iepeningstiden

tiisdeis o/m sneins 11.00 - 17.00 oere
moandei sletten


© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden | disclaimer