wy fikingen
fan 19 oktober 2019 oant en mei 15 maart 2020
Fikingen wiene de piraten fan de Noardsee. Moardzjend, plonderjend en rôvjend makken se de Europeeske kusten ûnfeilich. Ek Frisia, it Nederlânske kustgebiet, waard teheistere troch Fikingen. De oanfallen begongen yn it jier 810, doe’t Deenske Fikingen Frisia oanfoelen mei in float fan mar leafst twahûndert skippen. De woeste Fikingen stoppen pas mei harren plonderings doe’t harren slachtoffers in flinke som sulver betellen. Mar yn de jierren dêrnei kamen se noch faak werom.