rembrandt & saskia
leafde yn de gouden iuw
24 novimber 2018 oant en 17 maart 2019
rembrandt & saskia

rembrandt & saskia

leafde yn de gouden iuw

As it ferneamdste Fryske breidspear aller tiden binne Rembrandt en Saskia de reade tried yn dizze tentoanstelling. Harren ferhaal is tagelyk it ferhaal fan it societyhoulik yn de santjinde iuw en giet troch alle fazen hinne, fan ferovering oant testamint. Wat giet der foarôf oan de belangrykste stap yn in minskelibben en hoe giet it der om en ta by sa’n sjike trouwerij? Watfoar wearde wurdt der hechte oan de fêste houliksbân en hoe ferrint it libben nei de brulloft, as lok en leed dield wurde moatte?

Trailer

De tentoanstelling pleatst it libben fan Rembrandt en Saskia yn de kontekst fan de Gouden Iuw. Skilderijen en printen jouwe yn kombinaasje mei egodokuminten in bysûnder kompleet en realistysk byld fan it houlik yn dy tiid. Oan ’e hân fan harren libben en houlik kin men ûntdekke dat in troubelofte fan doe net safolle ferskilt fan in troubelofte no.

masterstik

Yn 1634 trout Rembrandt van Rijn yn Fryslân mei Saskia Uylenburgh, de leafde fan syn libben. Saske – de Fryske doopnamme fan Saskia – wurdt berne yn Ljouwert en groeit dêr ek op. De skilder rekket mei har yn ’e kunde yn 1633, as Saskia op besite komt by har neef Hendrick Uylenburgh yn Amsterdam. Uylenburgh is yn dy tiid Rembrandt syn keunsthanneler en mooglik is hy dejinge dy’t yn ’e fierte in gouden takomst foar it pear lizzen sjocht. 

societyhuwelijk

It fereale pear ferlooft him yn juny fan datselde jier, as se yn it Fryske doarp Sint-Anne binne foar de doop fan in lytse tantesizzer fan Saskia. Rembrandt syn alderearste tekening fan Saskia is in oantinken oan de dei fan harren troubelofte, ek foar himsels, sa docht bliken út syn eigen tekst ûnder har portret. In jier letter komme se wer nei Sint-Anne foar it echte houliksfeest, dat fierd wurdt yn it deftige hûs fan (skoan)suske Hiskia en sweager Gerrit van Loo. Amper tsien jier duorret harren leafde. Yn dy jierren moatte se trije kear in lyts berntsje nei it tsjerkhôf bringe; allinnich it fjirde bern, Titus, bliuwt yn libben, mar syn mem sjocht him net opgroeien. Noch krekt gjin tritich jier âld komt Saskia nei in siikbêd yn Amsterdam te ferstjerren.

rembrandt en de gouden eeuw

Rembrandt en Saskia: Leafde yn de Gouden Iuw. Dizze tentoanstelling is fanôf 24 novimber 2018 yn it Fries Museum te sjen en foarmet it startskot fan it temajier Rembrandt en de Gouden Iuw yn 2019.

1
1
2
2

De tentoonstelling ‘Rembrandt & Saskia: Liefde in de Gouden Eeuw’ wordt mede mogelijk gemaakt door de Wassenbergh-Clarijs-Fontein Stichting, Gemeente Leeuwarden, Prins Bernhard Cultuurfonds, Stichting Het Nieuwe Stads Weeshuis, Ondernemersfonds Leeuwarden, de Rijksoverheid (de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed heeft namens de Minister van Onderwijs, Cultuur en Wetenschap een indemniteitsgarantie toegekend), Stichting Dorodarte, Siebolt Foundation en de Vrienden van het Fries Museum.

Het Fries Museum wordt mede gefinancierd door de Ir. Abe Bonnema Stichting, de Provincie Fryslân, het Samenwerkingsverband Noord-Nederland, EZ/Kompas, de BankGiro Loterij en Aegon.

Fries Museum
Wilhelminaplein 92
8911 BS Leeuwarden
T: 058 255 55 00
E: info@friesmuseum.nl

iepeningstiden

tiisdeis o/m sneins 11.00 - 17.00 oere
moandei sletten


© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden | disclaimer