alma-tadema
klassike ferlieding
1 oktober 2016 t/m 7 februari 2017
alma-tadema

alma-tadema

de meast suksesfolle skilder fan de 19de iuw

Ferliedlike Romeinske froulju yn sensuele sluierachtige gewaden tsjin in achtergrûn fan dreamerige fiergesichten, mimerjende pearkes op bankjes fan hast trochskinend moarmer en dames dy’t harren tiid trochbringe mei poatsjebaaien, lanterfantsjen en it fuorjen fan fisken. Mar ek in farao mei syn stjerrende soan yn ’e earms, spiersterke gladiators yn in bluodderich gefjocht en in sûnder euvelmoed feestfierend selskip dat elk momint smoard wurde sil ûnder in lawine fan roazebledsjes. Alma-Tadema nimt ús mei nei alledeiske sênes út de klassike âldheid en bringt dy tiid, as earste, echt ta libben. Hy ferbyldet de âldheid sa werkenber en oertsjûgjend, dat regisseurs syn skilderijen brûke as blaudruk foar spektakelfilms lykas Gladiator. Ut de hiele wrâld wei komme topskilderijen fan de meast suksesfolle skilder fan de 19de iuw nei Ljouwert ta. Yn kombinaasje mei persoanlike foarwerpen en filmfragminten jouwe sy in ynkyk yn syn wrâld. Alma-Tadema - klassike ferlieding is te sjen fan 1 oktober 2016 oant en mei 7 febrewaris 2017.  

aftermovie

lourens nei sir lawrence

Alma-Tadema wurdt yn 1836 berne as de Fryske Lourens. Nei syn oplieding oan de keunstakademy yn Antwerpen reizget er foar de leafde nei Londen, dêr’t er him naturalisearje lit ta Ingelsman en himsels Lawrence neame lit. Al gau wurdt er ûntdutsen troch it grutte publyk en syn rom stiicht ta útsûnderlike hichten, foaral yn Ingelân en Amearika. Yn 1899 wurdt er sels ta ridder slein, wêrnei’t er as Sir troch it libben giet. Alma-Tadema stoar yn 1912 en leit begroeven yn de St. Paul’s Cathedral yn Londen.

Sir Lawrence Alma-Tadema, Zelfportret van Lourens Alma Tadema, 1852, Fries Museum, Leeuwarden - collectie Het Koninklijk Fries G
Sir Lawrence Alma-Tadema, Zelfportret van Lourens Alma Tadema, 1852, Fries Museum, Leeuwarden - collectie Het Koninklijk Fries G

wrâldferneamd

Al by syn libben wurdt Alma-Tadema wrâldferneamd mei syn wurk. Hy skilderet yn opdracht fan rike sakelju en wit as gjin oar syn netwurk te kultivearjen. As in wiere entertainer fermakket er op syn sjike soirees de Londenske high society. Der komt gjin ein oan de stream fan opdrachten en Tadema fertsjinnet in fermogen mei syn skilderijen. Sa wurdt er ien fan de suksesfolste skilders fan de 19de iuw. Ek tsjintwurdich binne wurken fan de riddere skilder yn it besit fan grutte nammen lykas George Lucas, de smoarrike Amerikaanske William Vanderbilt, de Getty-famylje, Andrew Lloyd Webber en Jack Nicholson. Sels ús keningshûs is de grutske eigener fan in Tadema. 

Sir Lawrence Alma-Tadema, Mozes gevonden!, 1904, particuliere collectie © 2016 Christie's Images Limited
Sir Lawrence Alma-Tadema, Mozes gevonden!, 1904, particuliere collectie © 2016 Christie's Images Limited
Sir Lawrence Alma-Tadema, De rozen van Heliogabalus, 1888
Sir Lawrence Alma-Tadema, De rozen van Heliogabalus, 1888

tadema en hollywood  

Sûnt syn houliksreis nei Rome en Pompeï is Alma-Tadema fassinearre troch de klassike âldheid. Hy is de earste skilder dy’t dy tiid mei safolle soarch en presyzje yn byld bringt. Mannich regisseur basearret him op syn skilderijen by it meitsjen fan histoaryske blockbusters, lykas bygelyks The Ten Commandments (1956). Ek no noch; Tadema syn wurk is in direkte ynspiraasjeboarne foar Ridley Scott, de regisseur fan Gladiator (2000). Yn de tentoanstelling wurdt glêshelder hoe’t Tadema de filmwrâld beynfloede hat. Dêrneist is der in bypassend filmprogramma yn gearwurking mei Slieker Film en EYE filmmuseum.

alma-tadema als inspiratie in films

grutste kolleksje

It museum beskikte al oer de grutste Alma-Tadema-kolleksje fan Nederlân, foar in part krigen fan Alma-Tadema en fan syn dochters Laurence en Anna. Yn ’e hjerst fan 2015 docht it Fries Museum de grutste oankeap út de histoarje fan it museum: Tadema’s Entrance of the theatre. Troch dy oankeap kin it Fries Museum, as iennige museum yn Nederlân, de folsleine ûntwikkeling dy’t de skilder yn syn karriêre trochmakke, sjen litte. 

turing takenning

It Fries Museum hat foar dizze fernijende tentoanstelling oer Alma-Tadema de Turing Takenning 2015 wûn. De Turing Foundation wiist dy priis, mei in wearde fan 500.000 euro, ienris yn ’e twa jier ta foar it bêste tentoanstellingsplan fan in Nederlânsk museum.

Sir Lawrence Alma-Tadema, Portret van Leopold Löwenstam, de etser, 1883, particuliere collectie, Engeland
Sir Lawrence Alma-Tadema, Portret van Leopold Löwenstam, de etser, 1883, particuliere collectie, Engeland
Sir Lawrence Alma-Tadema, Interieur van de kerk van San Clemente, Rome, 1863
Sir Lawrence Alma-Tadema, Interieur van de kerk van San Clemente, Rome, 1863

De tentoonstelling Alma-Tadema, klassieke verleiding is onderdeel van Leeuwarden-Fryslân Culturele Hoofdstad van Europa 2018. Voor deze tentoonstelling en het begeleidende filmprogramma werkt het Fries Museum samen met EYE filmmuseum en Slieker Film.

De tentoonstelling over Sir Lawrence Alma-Tadema in het Fries Museum wordt mede mogelijk gemaakt door de Turing FoundationProvincie FryslânBankGiro LoterijMondriaan Fonds,VSBfondsPrins Bernhard CultuurfondsStichting Woudsend Anno 1816, de Rijksoverheid (de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed heeft namens de Minister van Onderwijs, Cultuur en Wetenschap en de Minister van Financiën een indemniteitsgarantie toegekend), Nelleke Nix Studio Gallery Press Inc., Vrienden van het Fries Museum, Wassenbergh-Clarijs-Fontein StichtingGifted ArtHet Nieuwe Stads Weeshuis en Stichting Fonds voor de Geld- en Effectenhandel.

De tentoonstellingspublicatie wordt uitgegeven door Prestel (Munchen) in het Nederlands, Engels en Duits en is mede tot stand gekomen door een genereuze gift van de Isaacson-Draper Foundation. 

Entrance of the Theatre is verworven met steun van de Vereniging Rembrandt (mede dankzij haarSaskia Fonds en haar Van Rijn Fonds), de BankGiro Loterij, het Mondriaan Fonds, deWassenbergh-Clarijs-Fontein Stichting, de Vrienden van het Fries Museum.  

Het Fries Museum wordt mede gefinancierd door de Ir. Abe Bonnema Stichting, de Provincie Fryslân, het Samenwerkingsverband Noord-Nederland, EZ/Kompas en de BankGiro Loterij.

Fries Museum
Wilhelminaplein 92
8911 BS Leeuwarden
T: 058 255 55 00
E: info@friesmuseum.nl

iepeningstiden

tiisdeis o/m sneins 11.00 - 17.00 oere
moandei sletten


© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden | disclaimer