de terp
14 juli 2016 oant 31 december 2021
de terp

de terp

Wa’t oan Fryslân tinkt, tinkt oan terpen. Dy troch minsken makke wenheuvels beskermen de Friezen tsjin de ûnberekkenbere Noardsee. Fanôf de earste terpen yn 600 f. Kr. oant it jier 1000 n. Kr. waarden se hieltyd heger en breder. Laach nei laach oan skiednis leit opsteapele. Tusken dy lagen bedarren hiel wat foarwerpen yn ’e grûn.

Iuwenlang litte de minsken de terpen gewurde. Mar om 1850 hinne wurdt ûntdutsen dat de fruchtbere terpgrûn in bulte jild opleveret. Yn in iuw tiid grave de Friezen trije kwart fan harren terpen ôf. Fan de boppeste laach ôf, it no, grave se streekrjocht it fiere ferline yn. Dêrby komme begroeven foarwerpen wer te foarskyn en wurde de terplagen bleatlein. Dêrom binne de terpen de skatkeamers fan Fryslân. De tentoanstelling lit mei in lakprofyl sjen út hokker lagen oft in terp bestiet, en makket mei foarwerpen út ferskillende tiden sichtber watfoar skiednis oft dêryn ferskûle sit. De tentoanstelling is fan 2 july ôf te besjen.

afbeelding links
afbeelding links
afbeelding rechts
afbeelding rechts

Fries Museum
Wilhelminaplein 92
8911 BS Leeuwarden
T: 058 255 55 00
E: info@friesmuseum.nl

iepeningstiden

tiisdeis o/m sneins 11.00 - 17.00 oere
moandei sletten


© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden | disclaimer