jurk makke fan parasjutestof út de twadde wrâldoarloch komt op 25 oktober werom yn warten

fries museum giet op ‘en paad mei echte museumstikken

Op freed 25 oktober is it Fries Museum op besite yn Warten mei de orizjinele parasjutejurk fan Hinke Koopmans út Garyp. Se makke de jurk sels, fan parasjutestof dy’t út in Amerikaanske bommesmiter komt. Dat fleantúch makke yn 1944 yn needlanning deunby Warten. Mei in programma foar jong en âld, yn en om restaurant de Kok & de Walvis, fertelt it museum mear oer de jurk, de draachster en it delstoarte fleantúch. Sko oerdeis fan 15.00 oant 17.00 oere oan mei it hiele gesin by de famyljewurkwinkel en meitsje in eigen minyparasjute. Of harkje jûns fan 19.00 oant 19.30 oere nei de boeiende ferhalen fan ekspert Marre Sloots (konservator fan it Fries Verzetsmuseum). It museum is ek benijd nei persoanlike ferhalen fan de ynwenners fan it doarp en de omlizzende doarpen. Alle ynteressearren binne fan herte wolkom! Sjoch foar it folsleine programma en mear ynformaasje op www.friesmuseumoppaad.nl/warten.

de jurk dy’t út de loft foel
As der mar beheind materiaal is om mei te wurkjen, moatst ymprovisearje mei watst hast. Yn de Twadde Wrâldoarloch al hielendal. Stoffen foar moaie jurken binne yn 1944 seldsum, mar bytiden komme se samar út de loft fallen. Foar Hinke Koopmans út Garyp is dat grif sa. Sy trout yn in jurk, makke fan parasjutestof. Wierskynlik komt dy út in Amerikaanske bommesmiter mei de bynamme ‘ ‘Yankee Rebel Harmony’. Dat tastel makket yn maart 1944 yn needlanning deunby Warten.

Foto door Aron Weidenaar
Foto door Aron Weidenaar
Foto door Aron Weidenaar
Foto door Aron Weidenaar

De jurk fertelt ferskillende ferhalen; oer krapte yn oarlochstiid, oer recyclen en duorsumens én oer de loftoarloch boppe Fryslân. It is net de earste kear dat it museum mei de jurk op ‘en paad is; earder wie de jurk al te sjen yn Earnewâld en fersoargingshûs Burgum. Yn Warten makket de jurk foarearst de lêste stop. Pas yn maart 2025 is de jurk wer te sjen, dan yn de útstalling IMPACT oer de loftoarloch boppe Fryslân.

fries museum op paad

Mei goed 200.000 foarwerpen hat it Fries Museum de grutste provinsjale kolleksje fan Nederlân yn behear. Al dy museumstikken sizze wat oer Fryslân en de Friezen en binne dêrmei ûnderdiel fan it DNA fan de provinsje en har ynwenners. Mei it projekt Fries Museum op Paad bringt het museum ynwenners fan Fryslân yn kontakt mei de stikken en dêrmei mei harren eigen skiednis en kultuer. De moeting is fan beide kanten fan belang, want it museum sil ek ferhalen fan bewenners dokumintearje. Sa wurdt op it plak sels de kennis oer de kolleksje ferrike en wurdt it ferhaal fan Fryslân libben holden. It museum is hast alle wiken op in oar plak yn Fryslân te finen. Sjoch foar de folsleine aginda op www.friesmuseumoppaad.nl/agenda.

Fries Museum op Paad wordt mogelijk gemaakt door een gulle bijdrage van de VriendenLoterij.

Fries Museum op Paad wordt mede mogelijk gemaakt door het Mondriaan Fonds, vfonds, Cultuurfonds, Iepen Mienskipsfûns, Haaima Hylkema, FGD Assurantiën, FGD Lease, Meindersma Sybenga Stichting en de Boersma Adema Stichting.

Het Fries Museum wordt mede gefinancierd door Windpark Fryslân, de Provincie Fryslân, het Ministerie van Onderwijs, Cultuur en Wetenschap, de VriendenLoterij, Ir. Abe Bonnema Stichting en de Vrienden van het Fries Museum.

Fries Museum
Wilhelminaplein 92
8911 BS Leeuwarden
T: 058 255 55 00
E: info@friesmuseum.nl

iepeningstiden

tiisdeis o/m sneins 11.00 - 17.00 oere
moandei sletten


© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden | disclaimer