à la campagne

fan maris oant monet
fan 19 febrewaris oant en mei 17 july
à la campagne

à la campagne

fan maris oant monet

De Frânske ympresjonisten út Museum Boijmans Van Beuningen komme nei Ljouwert! Untdek de ynfloed fan it Frânske ljocht yn de 19de-iuwske skilderkeunst, mei prachtige lânskippen fan Frânske masters as Monet en Cézanne, mar ek Nederlânske keunstners as Maris en Weissenbruch. De útstalling À la campagne: it Frânske ljocht fan Maris oant Monet is fan 19 febrewaris oant en mei 17 july 2022 te sjen yn Ljouwert.

Fan fjilden mei klaproazen, leaflike kusten en bloeiende beammehôven oant woeste weagen, lege kimen en greiden fol kij. De útstalling mei mear as 90 skilderijen en tekeningen lit sjen hoe’t it ljocht in wichtige rol spilet yn de keunst: de sinnestrielen skitterje op it wetter, it ljocht falt troch de blêden en de wyn dûnset op it doek.

Oan de hân fan publyksfavoriten en ûnûntdutsen skatten fan ûnder mear Cézanne, Monet, Pissarro, Gauguin, Maris, Van Gogh, Sisley, Boudin en Weissenbruch makkest in reis lân de artistike ûntwikkeling fan de ‘Frânske blik’ op it lânskip; fan de skoalle fan Barbizon oant it (post)ympresjonisme.

Dizze útstalling is in gearwurking mei Museum Boijmans Van Beuningen en is ûnderdiel fan Arcadia 2022.

Dizze útstalling wurdt mei mooglik makke troch Stichting Leeuwarden-Fryslân 2028, it Mondriaan Fonds (it publike stimulearringsfûns foar byldzjende keunst en kultureel erfgoed), Stichting Zabawas, Stichting Het Nieuwe Stads Weeshuis, Meindersma-Sybenga Stichting en Stichting Het Sint Anthony Gasthuis.


It Fries Museum wurdt mei finansierd troch de Provinsje Fryslân, it Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, Gemeente Ljouwert, de VriendenLoterij en de Ir. Abe Bonnema Stifting.

 

© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden disclaimer