somebody's homeland

somebody's goldmine
oant 19 febrewaris 2023
somebody's homeland

Fan 27 augustus 2022 oant en mei 19 febrewaris 2023 presintearret it Fries Museum hjoeddeiske keunst út de eigen kolleksje, ynklusyf resinte oanwinsten en noch nea earder te sjen wurk. Yn Somebody's Homeland, Somebody's Goldmine is it tema lânskip. Wat is ús relaasje mei ús omjouwing, op lokale en globale skaal? De keunstners litte ferskate artistike perspektiven op it ûnderwerp sjen, fan persoanlike relaasjes mei in spesifyk plak oant politike en technologyske refleksjes.

De tentoanstelling hat wurk fan Astrid Nobel, Oscar Santillán, Eric Giraudet de Boudemange, Cristina Lucas, Aàdesokan, Alle Jong, Ellen Mandemaker, Witho Worms, Johan Nieuwenhuize, Jananne Al-Ani en B.C. Epker.

It Fries Museum wurdt mei-finansierd troch de Provinsje Fryslân, it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, de Gemeente Ljouwert, de VriendenLoterij en de Ir. Stichting Abe Bonnema.

© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden disclaimer