no te sjen

fan 15 febrewaris 2020 o/m 3 jannewaris
no te sjen

other.worldly

no te sjen

koop tickets

Mei yngong fan 15 febrewaris ferbyldzje keunstners út binnen- en bûtenlân in wrâld ûnder wetter yn it Fries Museum. Al iuwen wurdt de minske oanlutsen troch de see en ropt dy in unyk gefoel fan tiidleazens en ferbûnens op. Mar hoewol’t er in mylde en kleurrike muze wêze kin, besit de ûnderwetterwrâld ek in kâlde ûnderstream. Syn djipte herberget ferdronken flechtlingen en fersmoarging, mar ek skjintme en mysterieuze wêzens. Yn Other.Worldly besykje sa’n tweintich keunstners de ûnderwetterwrâld te trochgrûnjen. Fertrekpunt fan de tentoanstelling is it wurk Osedax fan keunstnersduo Edgar Cleijne (Nederlân, 1963) en Ellen Gallagher (Feriene Steaten, 1965). Yn dat kaaistik, dat foar it earst yn Nederlân te sjen is, meitsje besikers in hypnotisearjende reis lâns in boareilân, betsjoenende seedieren en dynjende planten. De tentoanstelling Other.Worldly is fan 15 febrewaris 2020 o/m 3 jannewaris 2021 te sjen yn it Fries Museum yn Ljouwert.

toeschouwers bij afbeelding
toeschouwers bij afbeelding

Yn har earste tentoanstelling foar it Fries Museum hat kurator Hanne Hagenaars in seleksje wurken makke dy’t de ûnderwetterwrâld yn al syn fasetten sjen lit. De keunstwurken yn Other.Worldly foarmje in netwurk fan relaasjes dy’t reflektearje op de wrâld fan no. Hoe ferhâldt de minske him ta de oseaan en hoe geane wy om mei syn kwetsbere ekosysteem? Want no’t de lang ferburgen geheimen stadich oan it ljocht komme, is de ûnderwetterwrâld sels yn gefaar. Der binne wurken te sjen fan Charles Avery, Paul Beumer, Carina Brandes, Broomberg & Chanarin, Ricardo Brey, Edgar Cleijne & Ellen Gallagher, Dorothy Cross, Elspeth Diederix, Dodi Espinosa, Benedikt Fischer, Matthew Angelo Harrison, Bram De Jonghe, Kinke Kooi, Mire Lee, Erin Jane Nelson, Femmy Otten, Jean Painlevé, Jessica Segall, Studio Glithero, Philip Taaffe, Evelyn Taocheng Wang en Robbert Weide.

man met hoofd in tentoonstelling
man met hoofd in tentoonstelling
vrouw met tegenlicht
vrouw met tegenlicht

bird in hand

Spesjaal foar de tentoanstelling reizget Bird in Hand (2006) fan Ellen Gallagher fan Tate Modern yn Londen nei Fryslân. De reusachtige tekening is ien fan de topstikken fan de tentoanstelling en lit in personaazje sjen dat ynspirearre is op kapitein Ahab út de roman Moby Dick. De ienskonkige haadpersoan fan dizze grutte tekening ferwiist ek nei de ta slaaf makke Kaapverdiërs dy’t op de oertocht nei Amearika ferdronken. Fanwegen de kwetsberheid fan it wurk is it oant en mei 2 augustus 2020 te sjen.

de see dy’t tadekt

Al foar de yngong fan de tentoanstelling freget it keunstnersduo Broomberg & Chanarin mei de film Angels of Bureaucracy omtinken foar it tragyske lot fan in soad boatflechtlingen. De kaken fan in Sisiliaanske griper fermealle de boatsjes wêrmei’t withoefolle flechtlingen út Noard-Afrika wei de oerstek nei Europa weagen. As in tradisjonele Cantastoria, of ‘sjongende ferteller’, besjongt de griper harren tragyske lot – mei as swijend dekôr it wetter fan de Middellânske See, dat de deaden tadekt as in kâlde tekken. Ek it wurk fan Matthew Angelo Harrison (Feriene Steaten, 1989) slút op in assosjative manier oan by dy tematyk. Syn skulptueren dogge tinken oan de oerbliuwsels fan in ferdwûne beskaving dy’t nei de seeboaiem sonken is. It lykje Afrikaanske bylden te wêzen, mar de wiere oarsprong dêrfan bliuwt ûndúdlik. Harrison kocht se op eBay, dêr’t se ferkocht waarden as anonime, trendy húsdekoraasje. Harrison dekorearre se mei technyske patroanen út it Fordfabryk yn Detroit, dêr’t er lang wurke hat. It is in ferwizing nei it ferlies fan kulturele identiteit troch de koloniale oerhearsking en de grutte gefolgen fan foarfallen yn it ferline.

underground
underground

ferbining

Yn de Geboorte van Venus jout Kinke Kooi (Nederlân, 1961) har fyzje op skjintme wer. Yn plak fan in klassike Venus dy’t út it wetter opriist, tekenet se rûne bil-achtige foarmen dy’t in oerfloed oan lytse foarwerpen oan ’e kant triuwe. ‘It wetter en de ierde litte alles yn harren ta, se binne einliks hiel gastfrij’, stelt Kooi. Neffens Kooi giet har wurk dêrom oer ûntfangen, iepenheid en ferbining. It binne eigenskippen dy’t ek wakker nedich binne by it opfangen fan de flechtlingestream. Yn El Extasis fan Dodi Espinosa (Meksiko, 1985) dûkt in man fol oerjefte nei it djipste fan de ierde, wylst er mei ien hân syn liif iepenet. Dat gebaar symbolisearret foar Espinosa de syktocht nei in universele, minsklike kearn. Djip fan binnen binne wy allegearre gelyk, stelt er.

Geboorte van Venus
Geboorte van Venus

ferfrjemding

In oare line yn de tentoanstelling is de ferfrjemding fan de minske fan syn omjouwing. De fersteurde ferhâlding tusken minske en dier is ien fan de redenen dat de natuer sa ûnder druk stiet, seit Segall (Feriene Steaten, 1978). Yn de film Uncommon Intimacy swimt sy mei krokodillen en tigers yn ien fan de Amerikaanske privee-natuerreservaten. Mei har film ferwiist se nei de almacht fan de minske en ús fersteurde relaasje mei de natuer. ‘Us spirituele ferhâlding mei de omjouwing is ynwiksele foar in yndustriële’, seit Ricardo Brey (Kuba, 1955). Nei in ôfwêzichheid fan tweintich jier gong hy yn 2014 werom nei syn bertelân Kuba. Dêr fernaam er hoe’t Kubanen de tradisjonele, emosjonele bân mei de natuer ferlieze. Iuwenâlde beammen wurde dêr net langer sjoen as boarne fan wiisheid, skaad of genêzing, mar se wurde massaal kappe as brânhout. Dat feroarsaket eroazje, dy’t troch de stiging fan it seenivo in serieuze bedriging foar it eilân foarmet

oseanysk gefoel

Yn Osedax fan Edgar Cleijne en Ellen Gallagher – in foarnommen oankeap fan it Fries Museum – spilet it oseanyske gefoel in weromkearende rol: in gefoel fan ‘ûnskiedbere ferbûnens, fan ienichheid mei de bûtenwrâld yn syn gehiel’. In gefoel fan ferbûnens. Yn Seaspoon liket Femmy Otten (Nederlân, 1981) de langst nei de ûneinigens fan de see yn de holte fan in leppel te fangen. Ek de seeskilderingen fan Otten ferbyldzje Freuds ‘oseanyske gefoel’. Yn har skildere tekeningen geane de see en de loft ûngemurken ynelkoar oer. Soms lit se de lege wide romte oerhearskje, soms pleatst se der bygelyks in fleanend tapytsje mei tulpen yn.

De tentoanstelling Other.Worldly wurdt mei mooglik makke troch Het Nieuwe Stadweeshuis en de Freonen fan it Fries Museum

It Fries Museum wurdt mei finansiere troch de Ir. Abe Bonnema Stichting, de Provinsje Fryslân, it Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân, EZ/Kompas en de BankGiro Loterij.

© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden disclaimer