vrijheid, vetes, vagevuur

de middeleeuwen in het noorden
vanaf 10 september 2022
vrijheid, vetes, vagevuur

vrijheid, vetes, vagevuur

Fan 10 septimber 2022 oant en mei 7 maaie 2023

Froulju mei in oerdied oan blinkende juwielen, krigers mei polsstôkspearen en opskeard hier. Gewelddiedige fetes tusken clans. In lânskip dêr’t in útsûnderlik heech oantal kastielen, tsjerken en kleasters de eachein dominearre.
Dit is Tota Frisia yn de folle en lette midsiuwen.

Fan 10 septimber 2022 oant en mei 7 maaie 2023 presintearret it Fries Museum Vrijheid, Vetes, Vagevuur: de middeleeuwen in het Noorden. De tentoanstelling toant nije wittenskiplike ynsichten oer de maatskippij fan it noarden yn de folle en lette midsiuwen. It Fryslân fan doe (Tota Frisia) strekte him út fan ’e hjoeddeistige provinsje Fryslân oan ’e Wezer yn it Dútske Ostfriesland ta. Yn tsjinstelling ta oare plakken yn Europa bestjoerden de Friezen harsels, keazen se har eigen rjochters, hiene se in eigen taal en in eigen typyske klaaiïng. Oan ’e hân fan de rike archeologyske kolleksje midsiuwske foarwerpen fan it Fries Museum, oanfolle mei (ynter)nasjonale brûklienen, komt de eigensinnige, ferdwûne wrâld fan Fryslân tusken 1067-1567 ta libben. Dizze grutte tentoanstelling slút naadleas oan op it heechwurdearre Wij Vikingen yn 2019.

Reconstructie Rinsumageest ca 1340 Ulco Glimmerveen

ferdwûne wrâld

It Fries Museum bringt dit oant no ta ûnderbeljochte haadstik út de midsiuwske skiednis ta libben, oan ’e hân fan blinkende muntskatten, fûnkeljende juwielen, prachtige geskriften en iuwenâlde reliken. De tentoanstelling en de byhearrende publikaasje wurde gearstald troch Diana Spiekhout, konservator terpekultuer en midsiuwen. Spiekhout promovearre yn 2020 oan de Rijksuniversiteit Groningen op it midsiuwske kastielelânskip. Yn har proefskrift analysearre se de ûntwikkeling fan biskoplike boargen, aadlike huzen yn relaasje ta it lânskip en de maatskippij yn Noardeast-nederlân tusken 1050 en 1450. Konservator Diana Spiekhout is in faakfrege ekspert op dit mêd en wie earder dit jier te sjen yn de NPO-searje Het verhaal van Nederland, yn de ôflevering Friezen en Franken oer de iere midsiuwen.

Yn dizze tentoanstelling set Spiekhout it ûndersyk út har proefskrift troch, itjinge resultearret yn in ynterdissiplinêr benei kommen dêr’t archeology, lânskip, antropology, architektuer en skiednis yn byinoar brocht wurde, om sa goed mooglik de ferdwûne wrâld fan it Fryslân fan doe te rekonstruearjen. De tentoanstelling giet yn op fragen as: Hoe seagen de maatskippij en it lânskip fan it midsiuwske Fryslân derút? Wat fertelt ús dat oer de gewoanten en gebrûken fan syn bewenners? Yn hoefier kloppet it algemiene, besteande byld fan de midsiuwen dat wy hawwe?

famyljetentoanstelling

Net allinnich de skiednisleafhawwer kin syn hert ophelje, Vrijheid, Vetes, Vagevuur is ek by útstek geskikt foar in útstapke mei it hiele gesin. Bern fan 8 oant 12 jier âld meie mei in skatkaart selsstannich op ûntdekkingstocht troch de tentoanstelling. Achter lûkjes, yn laadsjes en op oare ‘ferburgen’ plakken ûntdekke se de ferdwûne wrâld fan de midsiuwen op har eigen manier: hoe swier is in maljenkolder? Hoe learden muontsen it skriuwen? En wêrom skearde Wybe van Grovestins (Skerne Wybe) syn heale holle keal? Oan ’e ein meie se nei hûs mei in echte Fryske muntfibula.

libbensgrutte kattepûl

Yn gearwurking mei ROC Friese Poort yn Snits makket it Fries Museum in sekuere rekonstruksje fan in enoarme midsiuwske kattepûl, in blijde. Yn ’e hoeke fan de earste grutte seal stekt dizze boppe de besikers út, net allinnich as blikfanger dy’t it ferhaal op bysûndere wize yllustrearret, mar om besikers de kâns te jaan om noch tichter by it ferline te kommen. Sa’n soarte gearwurkingsprojekt resultearre by de tentoanstelling Wij Vikingen yn in libbensgrut Vikingskip, nei boutekeningen fan Deenske skipsarcheologen.

foarmjouwing

Yn de tentoanstelling Vrijheid, Vetes, Vagevuur wurdt de besiker troch seis sealen meinommen nei de folle en lette midsiuwen. It tentoanstellingskonsept en -ûntwerp is ûntwikkele troch Studio Louter en Opera Amsterdam. Ek makket Ulco Glimmerveen in 3D ympresje fan it midsiuwske lânskip fan it Fryske Rinsumageast. Rinsumageast wie de thúsbasis fan ien fan de pear midsiuwske Friezen dy’t fan gesicht kenne: de jonge ealman Eppo, dy’t syn gesicht ôfbyldzje liet op syn grêfstien.

campagnebeeld, B WH Ontwerpers.
campagnebeeld, B WH Ontwerpers.

publikaasje

By de tentoanstelling ferskynt in ryk yllustrearre publikaasje, wêryn’t oan de hân fan de nijste wittenskiplike ynsichten de boeiende wrâld fan it midsiuwske Fryslân rekonstruearre wurdt. Mei bydragen fan: Rolf H. Bremmer Jr, Casper J. van Dijk, Egge Knol, Grytsje Klijnstra, Sonja König, Stefan Krabath, Bert Looper, Anneke B. Mulder-Bakker, Han Nijdam, Jeroen Punt, Antje Sander, Mans Schepers, Theo Spek, Diana Spiekhout en Marvin Wiegand.  
Vrijheid, Vetes, Vagevuur. De middeleeuwen in het Noorden wurdt útjûn yn oparbeidzjen mei Noordboek | HL Books en kostet € 29,95.

midsiuwsk bier

Grutte Pier Brouwerij makket by de tentoanstelling in bypassend bier. It bier wurdt net broud mei hop, mar mei galjes/gruit. Galjes wie in bestândiel fan ‘de Gruit’ dêr’t bier yn ’e midsiuwen mei op smaak brocht waard en dat it tagelyk bitterder en hâldber makke. Neist dizze midsiuwske broutechnyk ferwiist it bier ek nei in ferhaal út de tentoanstelling: Skerne Wybe, nei alle gedachten ien fan de lêste frije Friezen mei it tradisjonele skearde Fryske kapsel út de Midsiuwen.

Hjirmei jout it museum in gefolch oan de suksesfolle gearwurking mei Grutte Pier Brouwerij, dy’t yn 2019 bypassend by de Vikingtentoanstelling in bier broude. Dit bier waard yn 2020 sels ta Bier fan it Jier kroand troch de Mitra.

Dizze tentoanstelling wurdt mei mooglik makke troch it Mondriaan Fonds (it publike stimulearringsfûns foar byldzjende keunst en kultureel erfgoed), Prins Bernard Cultuurfonds, Provinsje Fryslân, Wassenbergh-Clarijs-Fontein Stichting, Leeuwarder Ondernemerfonds, Stichting Het Nieuwe Stads Weeshuis en het Old Burger Weeshuis

It Fries Museum wurdt mei finansiere troch de Provincie Fryslân, it Ministerie van Onderwijs, Cultuur en Wetenschap, Gemeente Ljouwert, de VriendenLoterij, de Ir. Abe Bonnema Stichting en de Vrienden van het Fries Museum

© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden disclaimer