Mei yngong fan snein 11 jannewaris 2026 presintearje it Fries Museum, Omrop Fryslân en Leen een Fries de nije podcastsearje It Knottekistje: in seisdielige rige wêryn’t Friezen iepenhertich fertelle oer de leafde fan harren libben. Alle wiken stiet ien persoanlik ferhaal sintraal: fan oandwaanlike moetingen oant ûnferwachte draaien. It Knottekistje is mei yngong fan 11 jannewaris alle sneinen om 11.00 oere te beharkjen yn it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân. Fan 15.00 oere ôf binne de ôfleveringen ek beskikber fia Spotify en iTunes op it kanaal fan Omrop Fryslân. De podcast is fan snein ôf online te finen fia omropfryslan.nl/podcast en fan moandei ôf fia de websiden fan Leen een Fries en it Fries Museum.
It Knottekistje is in gearwurkingsprojekt fan Omrop Fryslân, Leen een Fries (in inisjatyf fan Fers en de Fryske Biblioteken) en Fries Museum op Paad.
Yn It Knottekistje fertelle Friezen fanút in persoanlik eachpunt oer harren bysûndere leafdes en relaasjes. De searje trapet ôf mei it ferhaal fan Hillebrant Idsinga út Terherne, hy die yn 2015 in houliksoansyk mei in spesjaal makke knottekistje. Foarôfgeand oan it oansyk die er wiidweidich ûndersyk nei de tradysje oangeande it foarwerp en makke er dêr in dokumintêre oer. Goed tsien jier letter binne Hillebrant en Barbara noch altyd tegearre. Yn ’e earste ôflevering fertelt Hillebrant oer syn bysûndere oansyk.