nijs

fries museum
nijs

bysûndere kolleksje sits

Fan 11 maart ôf oant en mei 10 septimber 2017 presintearret it Frysk Museum yn Ljouwert in grutte tentoanstelling oer sits. Glânzjend, beblomme, mei de hân skildere katoen út Yndia dat yn de 16de iuw Europa ferovere. De prachtige patroanen fiele fertroud en fertelle tagelyk in bysûnder ferhaal. Fan rokken, jakken, sinnehuodden en streekdracht oant wandkleden en tekkens. De tentoanstelling toant de wiidweidige en goed bewarre kolleksje sits fan it museum, fan fraaie rokken, jakken en sinnehuodden oant bûnte streekdracht en mânske wandkleden. Sits, katoen yn bloei nimt de besiker mei op in reis fan Yndia nei Hylpen, Yndonesië en Japan.

Sits, katoen yn bloei toant de grutte fariaasje oan kleurrike blompatroanen op rokken en jakken, mar bygelyks ek enoarme wapenpalempoares (spreien mei in famyljewapen fan goed 3.5 x 2.5 meter). De streekdracht lit sjen hoe’t de sits koestere en bewarre waard. De besiker ûntdekt de bysûndere technyk fan dit ambacht en hoe’t sits in belangrike rol spile yn de wrâldhannel fan de 17de iuw. Dêrneist wurdt yn de tentoanstelling dúdlik dat de stof ek no ynspirearret ta nije inisjativen op it mêd fan hânwurk. Yn gearwurking mei de Textiel Factorij toant it Frysk Museum hjoeddeistige wurken dy’t Nederlânske keunstners en foarmjouwers en Yndiaaske ambachtsljlu meiïnoar makke ha.

eksoatysk en dochs oer-Frysk

Seelju fan de VOC namen sûnt 1602 de prachtige katoenen stoffen mei út Yndia om se te ruiljen tsjin speserijen yn Yndonesië. It waard it katoenen goud fan de VOC. Al gau waarden de skildere blommen ek populêr yn Nederlân en twa iuwen letter wiene se ûnderdiel fan de Nederlânske streekdrachten. De frouljusklean yn it Fryske stedsje Hylpen binne it meast opfallende foarbyld.

oandacht foar ambacht

Sits is ambachtlik, arbeidsyntinsyf hânwurk. It katoen is mei de hân beskildere mei natuerlike ferfstoffen en de motiven binne hiel detaillearre. It produksjeproses is fassinearjend, kompleks en tiidrôvjend. Spesjaal foar de tentoanstelling makket tekstylûntwerpster Renuka Reddy út Bangalore in rige stalen dy’t de ferskillende stadia sichtber meitsje.

topstikken

It Frysk Museum beskikt oer in mânske kolleksje goed ûnderholden sits. Ien fan de topstikken is in 18de-iuwske kimono. Omdat Nederlân yn dy tiid as iennichste tagong hie ta Japan, kaam de ‘Japanske rok’ hjir yn de moade. Yn dy tiid naam ek de populariteit fan de sits ta. Sa kaam it dat der yn Yndia in kimono mei patroanen fan in Japanske pynbeam makke waard, dy’t letter yn Nederlân droegen waard. De kimono is trijehûndert jier lyn beskildere, mar sjocht der noch altyd út as nij. It lit as gjin oar kolleksjestik sjen dat yn de skynber simpele katoenen stof ferskillende kultueren gearkomme. 
In oar topstik is in wandkleed út de 17de iuw, de âldste sits yn Nederlân, mei liuwen, mytyske fûgels en in râne mei amoereuze tafrielen.

sits anno no

Yn gearwurking mei de Textiel Factorij, toant it Frysk Museum hoe’t de sits noch altyd ynspirearret. It projekt fan de Textiel Factorij bringt Nederlânske keunstners en foarmjouwers en Yndiaaske ambachtslju byelkoar. In tal fan dizze keunstners presintearret it resultaat fan dy gearwurking yn dizze tentoanstelling oer sitsen.

© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden disclaimer