eric van hove 2 febrewaris 2019 o/m 5 jannewaris 2020

Glânzjend hout, blinkend koper, slipe parlemoer. Materialen fan oer de hiele wrâld komme byinoar yn de ambachtlik reprodusearre motorblokken fan Éric Van Hove (Algerije, 1975). Fan de lytste skroefkes oant de silinderkop: elk ûnderdiel wurdt mei de hân neimakke troch ynternasjonale ambachtslju, ûnder lieding fan Van Hove. Mei yngong fan 2 febrewaris lit de grutte oersichtstentoanstelling Éric Van Hove: Fenduq sjen wat minskehannen meitsje kinne. Tagelyk set it wurk fan de Belgyske keunstner oan ta neitinken oer globale fraachstikken.

Foar de keunstner stiet it motorblok symboal foar de yndustrialisaasje, dy’t yn in protte lannen de ein betsjutte fan it klassike ambacht. Rinnendebânwurk yn plak fan hânwurk. Mei syn ymposante replika’s set Van Hove tradisjonele ambachten opnij op ’e kaart. Hy kombinearret de skjintme fan design mei aktuele tema’s lykas de ferdieling fan ’e wolfeart en de ferskillen tusken it westen en de rest fan ’e wrâld.

d9t
Topstik fan de tentoanstelling is D9T (Tribute to Rachel), in wurk dat basearre is op it motorblok fan in Caterpillar D9 bulldozer. De bulldozer waard ûntwikkele om de ynfrastruktuer yn ûntwikkelingslannen te ferbetterjen, mar waard foaral bekend as militêr ferfiermiddel. Sûnt de Fjetnamoarloch sette rezjyms de D9 yn om opstannen del te slaan en barrikaden te brekken. Dêrmei is de bulldozer it symboal wurden fan ûnderdrukking yn plak fan opbou.
De reproduksje fan Van Hove bestiet út 295 ûnderdielen, makke fan 46 materialen troch 41 ferskillende ambachtslju. It keunstwurk bestiet ûnder oaren út gravearre sederhout út de Atlas, snien poarperherthout út Brazilië, wengéhout út Kongo en tatajubahout út Suriname, slipe parlemoer, sniene bonken, bonkjes, keramyk, marmer, koper en tin.

fryske motor
Spesjaal foar it Fries Museum ûntwikkelet de keunstner in gloednij wurk. Under de tentoanstelling wurkje Fryske, Marokkaanske, Sweedske en Yndonezyske fakminsken oan de reproduksje fan de motor út in fjildhakselmasine. De Claas Jaguar fjildhakseler is in populêre lânboumasine op it Fryske plattelân. De motor wurdt makke fan Marokkaansk houtwurk, Hylper skilderwurk, Yndonezysk snijwurk, Frysk sulverwurk, Sweedsk glêswurk en Frysk kerfsneed-houtsnijwurk. Yn de tentoanstellingsromte is de fuortgong fan dit dynamyske projekt te folgjen. It motorblok dat as basis brûkt wurdt, is oanbean troch HAMOFA.

Éric Van Hove, D9T (Rachel’s Tribute), 2015. Collectie Fries Museum, Leeuwarden. Verworven met steun van het Mondriaan Fonds, de BankGiro Loterij en de Vrienden van het Fries Museum. Foto: Lieven Geuns. Courtesy Éric Van Hove / Copperfield Gallery.

fenduq
Fenduq is de namme fan it atelier fan Van Hove. De namme is in gearfoeging fan ‘fenn’ (it Arabyske wurd foar keunst) en ‘funduq’. Funduqs wienen tydlike hannelsposten dêr’t omreizgjende karavanen delstrieken om hannel te driuwen en harren netwurk te ûnderhâlden. Yn Fenduq komme hantwurkslju, keunstners, ekonomen en oare oanbelangjenden byinoar. It is in plak foar produksje, mar ek foar dialooch. Fenduq fersterket de besteande talinten en kwaliteiten fan de hantwurkslju en biedt se in bettere posysje binnen de Marokkaanske maatskippij.

dorigin
De Mercedes-240, better bekend as ‘Dorigin’, docht yn Marokko meastal tsjinst as taksy. Mei syn Dútske komôf en syn imago fan kwaliteit en ûnferwoastberheid is de auto dêr in statussymboal. Van Hove boude in auto hielendal op út Mercedes-240 ûnderdielen en ried dêrmei nei it lân fan oarsprong, dêr’t de auto earder sjoen wurdt as Marokkaansk as as typysk Dútsk produkt. Dêrmei stelt it keunstwurk fragen oer identiteit en eigendom.

éric van hove
Éric Van Hove waard yn 1975 berne yn Guelma (Algerije). Hy groeide op yn Kamerûn as soan fan Belgyske yngenieurs dy’t har ynsetten foar ûntwikkelingsprojekten. Doe’t er 14 wie, kearde it gesin werom nei België. Nei syn stúdzje oan de keunstakademy yn Brussel teach er nei Japan, dêr’t er syn masters en PHD behelle. Dêrnei wenne er koart yn België, foar’t er him mear permanint yn Marrakesh fêstige. Yn 2014 briek er ynternasjonaal troch, tanksij syn meidwaan oan de Biënnale fan Marrakesh.


De tentoanstelling wurdt mei mooglik makke troch Aegon, de Provincie Fryslân, de BankGiro Loterij, het Mondriaan Fonds, het VSB fonds, Fonds21, HAMOFA, Stichting Het Nieuwe Stads Weeshuis, M.A.O.C. Gravin van Bylandt Stichting, Vrienden van het Fries Museum, GLASMA en Beldi Country Club.

Aan de Fryske Motor werken mee: Titus Stallmann (Hindelooper schilderwerk), Erno Korpershoek (Fries kerfsnijwerk), Rikus Oswald (keramiek; o.a. aardewerk en tinglazuur), Lies van Huet (keramiek), Sanne Bergsma en Theo van Halsema (zilver- en goudsmeden), Jilles en Hannes Scherjon (klompenmaken), Frank Kroondijk en Rolf Doderlein De Win (3D-printen), AbedelaaIi Arib en Mustapha el Moufdi (kopersmeden), Mohamed Ouahaddou (beensnijden), Mehdi Ghinati en Abdelkadere ´Dragon´ Hmidouch (houtbewerken), Abderrahim Boutkrout en Abdelghafour Boutkrout (houtsnijden), Mustafa Jaouale (kopersmeden), Abdeljalil Ait Boujmiâa (aluminiumgieten), Noureddine El Miraoui (afwerking), Abdelatif Boulaadam (monteur), Anders Wennerhag en Peter Kuchinke (glasblazen) en Wayan Lila (beensnijden).