skiednis

fries genootschap

It Fries Museum hat in rike skiednis fan krapoan 190 jier. Yn 1827 waard it Provinciaal Friesch Genootschap ter beoefening der Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde (Frysk Genoatskip) oprjochte troch Franciscus Binkes, Hendrik Amersfoordt en Freerk Fontein. It genoatskip woe derfoar soargje dat de Fryske identiteit bewarre bleau.

friesch kabinet

Om dingen te bewarjen waard yn 1853 it Provinciaal Friesch Kabinet van Oudheden oprjochte. Friezen koene dêr typysk Fryske foarwerpen ynleverje. It guod waard net allinnich bewarre foar it neiteam, mar ek útstald. Earst yn it Paleis fan Justysje yn Ljouwert en fanwegen te min romte letter yn in romte yn it Steedhâlderlik Hof earne oars yn ’e stêd.

historische tentoonstelling

By gelegenheid fan it fyftichjierrich bestean fan it Frysk Genoatskip waard yn 1877 yn Ljouwert de Historische Tentoonstelling van Friesland hâlden, de earste folkskundige tentoanstelling yn Nederlân. De kolleksje fan it Friesch Kabinet foarme de basis foar dy tentoanstelling. Dêrneist waard ek oan de Friezen frege om foarwerpen yn te stjoeren.

eysingahuis

De tentoanstelling wie in grut sukses, sawol kwa opkomst as finansjeel. Mei de ynkomsten koe it Eysingahûs yn Ljouwert oankocht wurde en dêr waard yn 1881 it Fries Museum iepene. 

kanselarij

Yn 1995 waard it museum nei in grutte ferbouwing op ’en nij iepene. De Kânselarij waard by it museum lutsen fia in tunnel.

Het oude Fries Museum op de Turfmarkt

het nieuwe fries museum

Sûnt 2013 is it húsfeste yn it earste folslein nij boude Nederlânske museum fan de 21ste iuw. De Fryske arsjitekt Abe Bonnema joech de oanset ta de nijbou. By syn ferstjerren yn 2001 liet er mar leafst 18 miljoen euro nei oan it Fries Museum.

Speel video af

oer it nije museum