saaklike freonen

Om it nije museum ta in sukses te meitsjen hat it Fries Museum bot ferlet fan de belutsenens en stipe fan saaklike freonen. Oerheidssubsydzjes binne ommers net mear fanselssprekkend. Fan ús as museum wurdt ferwachte dat wy ûndernimme, ûnder oaren om mear eigen ynkomsten te ferkrijen. Dy útdaging nimme wy graach oan. Nei’t wy earder in partikuliere freoneklup opset ha, sette wy fan jannewaris 2013 ôf útein mei in saaklike freoneklup.

Mei de bydragen fan de saaklike freonen kinne wy aanst it ferhaal fan Fryslân fertelle, oankeapen dwaan en restauraasje fan ús kolleksje útfiere. En fansels kinne wy mei tank oan de saaklike freonen moaie útstallings en aktiviteiten organisearje. It seit himsels dat de bydragen net ynset wurde foar de reguliere eksploitaasje. Hieltyd sille wy soarchfâldich nei de freonen kommunisearje wêr’t de bedragen foar brûkt wurde en dêr ek eksposure oan jaan yn it museum en op de website.

Op dizze side fine jo aanst in oersjoch fan de saaklike freonen fan it Fries Museum. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de ûnderskate pakketten fan saaklike freonen en hoe’t jo saaklik freon wurde kinne.