oer it museum

Yn ús prachtige nije gebou yn it hert fan Ljouwert is it Fries Museum de húskeamer fan Fryslân. Do giest derhinne foar in kopke kofje, in orizjineel kadootsje of om in film te besjen– mar foaral foar it museum fansels. Hjir ûntdekst alles oer de alve stêden en it plattelân, de haat-leafdeferhâlding mei it wetter, de syktocht nei it typyske Fryske en it plak fan Fryslân yn ’e wrâld.

Dûnsje mei de mysterieuze Mata Hari, dûk yn har deiboek en ûntdek har tryst lot as mooglike dûbelspionne. Fjochtsje mei de 16de-iuwske rebel Grutte Pier tsjin de Hollanners of wurd it slachtoffer fan syn ûnbidich swurd, asto gjin ‘Bûter, brea en griene tsiis’ sizze kinst. Fiel dy efkes de kening of keninginne fan Fryslân mei it fonkeljende goud en sulver út de terpen. Of genietsje fan it wurk fan (wrâld)ferneamde keunstners en fan slow design fan promininte ûntwerpers - stoer en duorsum, mei each foar tradysje en fakmanskip. Tentoanstellingen as ‘Oud Geld, ons kent ons in de Gouden Eeuw’ jouwe in ferrassende slinger oan de skiednis: society-sjoernalist Jort Kelder lit dy sjen dat begripen as old boys network en must haves fan alle tiden binne. En yn it Fries Verzetsmuseum komst yn ’e kunde mei hongerbern dy’t ûnderbrocht waarden op it Fryske plattelân om oan te sterkjen.

Bring in besite oan ien fan de withoefolle tentoanstellingen, stoart dy yn in ferrassende workshop of sjoch mei mei in artist in residence. Yn de skoalfakânsjes is it in gekke boel yn it Fries Museum. As in archeolooch potdiggels byelkoar sykje of in selsportret skilderje yn de styl fan de Gouden Iuw, it kin allegearre samar. En ferjit net om in bysûnder sûvenir mei nei hûs te nimmen. Yn ús museumwinkel fynsto de aardichste kado’s mei in Frysk tintsje: filtwurk fan keunstner Claudy Jongstra en mei de hân beskildere blêden út Hylpen, mar ek dat iene bysûndere Fryske berneboek.

Stoer, stiif en eigensinnich? Untdek de Fries yn dysels yn it Fries Museum!

Speel video af

cityfilm