ûnderwiis

Wy fine kultueredukaasje belangryk. It ûnderwiis is net sûnder reden ien fan de belangrykste doelgroepen fan it Fries Museum. Wy wurkje út de filosofy wei dat in besite oan ús museum in ûnferjitlike ûnderfining wêze moat, wêrby’tst plezier hast en ûnder de yndruk rekkest fan de moeting mei de echte objekten. In besite oan it Fries Museum soarget derfoar dat bern en jongerein harsels en de wrâld om harren hinne mei oare eagen besjogge. In museum dat ynspirearret.

oanbod

De ôfdieling Edukaasje hat de ôfrûne moannen fantastyske nije produkten foar it primêr ûnderwiis én foar it fuortset ûnderwiis ûntwikkele. Programma’s dy’t learlingen op in prikeljende manier yn ’e kunde komme litte mei de risiko’s fan it wenjen yn it wetterrike Fryslân, de oare kanten fan de Twadde Wrâldoarloch, it old boys network yn Fryslân yn de Gouden Ieu en de wrâld foarby de hoarizon.

Hawwe jo fragen of suggestjes, nim dan kontakt op mei de ôfdieling Edukaasje fia educatie@friesmuseum.nl of (058) 255 55 00.

vervoer

Arriva heeft speciaal voor scholen in Fryslân een zeer voordelig OV schoolticket ontwikkeld: voor slechts €30,- kan iedere klas met bus en trein van Arriva van en naar het Fries Museum reizen. lees meer.

nieuwsbrief

Met regelmaat informeren we onderwijsrelaties en andere belangstellenden over nieuw aanbod, onderwijsprogramma's en projecten. Inschrijven voor de nieuwsbrief kan hier