kolleksje strategy

De krêft fan de kolleksje is de basis fan it nije Fries Museum. Wy ûntwikkelje de museumkolleksje om de kultuer en skiednis fan Fryslân te bewarjen, begripen te learen en oan it publyk sjen te litten. Sa kinne wy dúdliker meitsje hokker relaasje oft it publyk mei it materieel erfgoed hat. It nije Fries Museum behannelet syn goed 170.000 objekten as in gearhingjend gehiel. Ferhalen fan Fryslân en syn bewenners steane sintraal en wurde ferteld oan de hân fan alle oanwêzige objektsoarten: keunst, kultuer en/of skiednis.