swurd fan grutte pier

 Begjin sechstjinde ieu stie Fryslân ûnder bewâld fan Georg van Saksen. Hartoch Karel van Gelre liet lykwols ek syn each falle op de Fryske regio. It gefolch wie dat der striid útbriek tusken harren oanhingers. En doe’t Van Saksen it gebiet dêrnei oan de Hollânske graaf joech, rûn it út op in gefjocht tusken Hollanners en Friezen. Dy striid foarme it dekor foar it optreden fan Pier Gerlofs Donia (sirka 1480 - 1520), better bekend as Grutte Pier, en syn swurd. In ûnskiedber duo dat symboal stiet foar de Fryske frijheidsstriid.  

Speel video af

Pier wie in boer út Kimswert, dy’t einliks neat mei de striid te krijen hie. Oant yn 1515 de Saksers syn pleats platbrânden. Yn ’e mande mei lotgenoaten besleat Pier yn ’e striid te tsjen tsjin de Saksyske oerhearskers en letter tsjin de Hollanners. Se rjochten de binde “De Arumer Swarte Heap” op. Pier waard oanfierder fan de ‘seinschipsluyden’ en gong as seerôver, tegearre mei syn swurd, de striid op de Sudersee oan. Foar de Friezen wie hy in frijheidsheld, foar de Hollanners in piraat.

Dit swurd, dat al sûnt lange tiid bekend stiet as it swurd fan Grutte Pier, is in fyftjinde-ieuske Biedenhänder. Oftewol in swurd dat je mei twa hannen hantearje moatte. Nei alle gedachten komt dit swurd mei merktekens en in geitelearen greep út Dútslân. Miskien hat Pier it ferovere op in Saksyske soldaat?

Der besteane in protte leginden oer Pier en oer syn dieden. Ien fan de bekendste is dat hy minsken de noch altyd populêre sin  ‘Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin, is gjin oprjochte Fries’ sizze liet. Allinnich echte Friezen kinne dy sin útsprekke. Sa wist Pier daliks oft ien in fijân wie en dus ûnthalze wurde moast. It ferhaal giet dat er dêrby mei ien klap meardere tsjinstanners tagelyk de holle ôfslaan koe.

Grutte Pier, syn swurd en syn dieden waarden yn de folksferhalen al mar sterker en grutter. Pier soe wol 2,15 meter lang west hawwe en mei ien hân in ploege optille kinnen hawwe! It swurd yn it Fries Museum, mei syn lingte fan 2,13 meter en syn gewicht fan 6,6 kg, is ek ekstreem grut en swier, en hat sûnder mis as ynspiraasje foar dy ferhalen tsjinne.

As oansprekkende Fryske folksheld is Pier ek yn de populêre kultuer opnommen. Foar in soad minsken is Grutte Pier bekend as karakter út de tv-searje ‘Floris’ út 1969. Koartlyn is der wurke oan in kompjûterspul op basis fan it ferhaal fan Pier. Troch alle folksferhalen oer Pier, wêryn’t him hast boppenatuerlike proporsjes taskreaun waarden, is in skoft tocht dat it allegear allinnich mar ferhalen wienen. Mar Pier hat wis wol bestien en it grutste swurd is yn it Fries Museum te bewûnderjen.