seldoar fan de oerfal

Op 8 desimber 1944 wurdt it Hûs fan Bewarring yn Ljouwert oerfallen troch de KP (Knokploegen), it wapene ferset yn Fryslân. Yn it Hûs fan Bewarring sitte op dat stuit belangrike fersetsminsken opsletten. As dy gefangenen ûnder de swiere druk fan de ferhearen beswike en nammen begjinne te neamen, rinne in soad fersetsminsken yn de provinsje grut gefaar.

De lieding fan de KP yn Fryslân is al sûnt oktober 1944 dwaande mei it betinken fan in plan om it Hûs fan Bewarring te oerfallen. Begjin desimber 1944 falt de beslissing. Fuortendaliks wurdt ek bepraat hokker gefangenen oft meinommen wurde en wa’t achterbliuwe moat.

Mei help fan ferfalske papieren slagget it de earste groep KP’ers, mei dêrûnder de lieder fan de aksje Piet Oberman, om it Hûs fan Bewarring yn te kommen. De wachters wurde troch guon fan harren oermastere en de oare oerfallers geane nei binnen. Yn inkelde minuten binne de gefangenen út de sel helle. As, wylst de oerfal oan ’e gong is, troch de besetter noch trije gefangenen binnenbrocht wurde, is it eefkes spannend. Troch hastich optreden fan de KP’ers slagget it om de begelieders op te sluten en de arrestanten te befrijen. Sûnder in skot te lossen binne yn totaal 50 gefangenen út it Hûs fan Bewarring helle. De Dútsers reagearje op 9 desimber mei yntinsive kontrôles en hússikings. It resultaat is nihyl, der wurdt gjin inkelde arrestaasje ferrjochte en - hiel útsûnderlik - der folgje gjin repressailles.

Nei de oarloch groeit de oerfal út ta de ferneamdste fersetsaksje fan it Fryske ferset. Yn de rin fan ’e jierren ferskine ferskate boeken oer de aksje. De spylfilm “De Overval” út 1962 oer de fersetsaksje makket it ferhaal bekend troch it hiele lân. Sa’n oardel miljoen bioskoopbesikers besjogge de spylfilm. Yn 2012 is begûn mei de tarieding foar it iepenloftspul “De Oerfal”, dat yn 2013 opfierd wurdt. Mei dy útfiering krijt it ferhaal fan de oerfal wer in hjoeddeiske ynfolling.

Yn it Fries Verzetsmuseum is altyd omtinken jûn oan it tige ta de ferbylding sprekkende ferhaal. Doe’t it museum it oanbod krige om in seldoar út it Hûs fan Bewarring te keapjen foar de museumkolleksje, wie it beslút gau nommen. De seldoar hat fan dat stuit ôf permanint ûnderdiel fan de museale presintaasje west.

Yn it nije museum besteegje wy ek oandacht oan de oerfal fan 8 desimber 1944. Yn de útstalling geane wy yn op alle nijsgjirrige feiten fan de aksje en litte wy sjen dat minsken op ferskillende manieren nei de oerfal sjogge. De fokus leit net  allinnich op it ferhaal fan befrijen en de befrijers. De oerfal wurdt ek beljochte út it perspektyf wei fan omstanners, wachters, besetters, en gefangenen dy’t net meinommen waarden op 8 desimber. De seldoar spilet yn de nije ‘Oerfalseal’ in sintrale rol.