popta-sulver

In pear wiken duorret de Histoaryske Tentoanstelling fan tûzenen Fryske âldheden en nuverichheden yn de simmer fan 1877. Dochs lit it tydlike museum yn Ljouwert in ferpletterjende yndruk achter. Hast 1.500 ynstjoerders reagearje op de oprop fan it Frysk Genoatskip om persoanlik Frysk besit nei de útstalling te bringen. Safolle ynteressante en moaie foarwerpen, de minsken kinne der net oer út. It smakket nei mear, nei in eigen Frysk Museum…

Dr. Coronel, in medikus út Ljouwert mei skriuwtalint, makket in jier letter in boekje oer syn meast bysûndere oantinkens oan de eksposysje. Oer in kolleksje sulveren foarwerpen is er sa entûsjast, dat er dy in nije namme jout: de Poptaskat. It binne twa skûtels mei it wapen fan dr. Henricus Popta, in lampetkanne, twa kandelers en in snuter, en se binne makke om 1670 hinne. Coronel is ien en al bewûndering foar it prachtige sulverwurk en fynt it spitich dat er noch net wit wa’t dat ‘kunstgewrocht’ makke hat. De foarstellingen op de kanne en op de grutte bypassende skûtel werkent er as yllustraasjes fan de ferhalen fan Ovidius’ Metamorfosen. Yn dit gefal binne se makke nei foarbyld fan de printen fan de sechstjinde-ieuske tekener en graveur Hendrick Goltzius.

Metamorfosen of Gedaanteverwisselingen is in populêre bondel oer de skiednis fan de wrâld neffens de klassike mytology. De oanhâldende striid tusken minsken en goaden leveret hiel wat spannende en ta de ferbylding sprekkende ferhalen op. Skreaun as in tige lang gedicht, om it begjin fan de jiertelling hinne, hat it sûnt de midsieuwen in protte skilders en skriuwers ynspirearre. Op de Latynske skoalle is it ien fan de belangrykste lesboeken. Yn Fryslân krije alle jonges op de Latynske skoalle ek alle dagen oerenlang les yn Latyn. Se leare om it te lêzen, oer te setten, te skriuwen én se moatte it sels ferplicht mei elkoar prate. It is yn dy tiid in soarte fan Ingelsk, wêrmei’t heechoplate minsken yn hiel Europa mei elkoar prate en skriuwe kinne.

De sulversmidden fan de Poptaskat binne twa Ljouwerters, Rintje Jans en Nicolaas Mensma. Se witte mar al te goed wat harren opdrachtjouwers delsette wolle mei harren sulver. Dy wolle pronkje, mei it sulver sels as taastber kaptaal op tafel, mar ek mei harren kennis fan de klassiken. Elkenien mei in bytsje beskaving sjocht daliks dat it plaatsjes by de ferhalen fan Ovidius binne.

Rintje Jans, de master fan it lampetstel en de lytse skûtel, brûkt net allinnich âlde, fertroude foarbylden, mar is ek ynspirearre troch twa boeken dy’t krekt farsk fan de parse kommen binne. Grutte boeken mei printen fan alle fersieringen fan de binnen- en de bûtenkant fan it achtste wrâldwûnder, it gloednije Amsterdamske Stedhûs. Koartsein, de sulversmid is hielendal up-to-date. Mar soenen se dat yn de santjinde ieu ek sa belibbe hawwe?