mata hari

Lang, donker en net bysûnder moai, mar bûtengewoan oantreklik. In elektrisearjende persoanlikheid en in poerbêste noas foar publisiteit. It famke dat yn 1876 as Margaretha Zelle berne wurdt oan De Kelders yn Ljouwert, is op har 29ste in wiere mediahype yn Parys. Se betsjoent it societypublyk mei har eksoatyske dûnsen, wêrby’t se stadich har lichem ûntbleatet. De kranten reitsje net útskreaun oer it mystearje Mata Hari. Tsien suksesfolle jierren lang stiet de namme Mata Hari foar opwinend, eksoatysk en sensueel. De withoefolle, iepenlike affêres dy’t se hat mei manlju yn unifoarm - fan hokker nasjonaliteit dan ek - meitsje har fertocht yn de eagen fan de geheime tsjinsten. Mata Hari stjert yn de Earste Wrâldoarloch foar in fjoerpeloton yn de bosken by Parys.

Sa'n aventoerlik libben fol seks, spanning en sensaasje lient him fansels goed foar in spylfilm. Fjirtjin jier nei de eksekúsje fan Mata Hari fettet filmmaatskippij Metro-Goldwyn-Mayer (MGM) it plan op om in film te meitsjen oer Mata Hari, mei yn de haadrollen de superstjerren fan dat momint: Greta Garbo en Ramon Novarro. In jonge MGM-wurknimmer fan Nederlânsk komôf, Sam Wagenaar, docht research foar de film. Hy praat mei minsken dy’t Mata Hari fan tichtby kend hawwe. Sa komt er yn in lyts doarpke yn Limboarch ek telâne by de personal assistant fan Mata Hari. Dy dame, dan al behoarlik op jierren, hat Mata Hari tsjinne yn de gloarjejierren nei 1905. Sy jout Wagenaar oan ’e ein fan harren petear twa persoanlike eigendommen fan Mata Hari mei, dy’t se de ôfrûne jierren soarchfâldich bewarre hat: dikke, swiere boeken, bûn yn Marokkaansk keallelear, mei de namme Mata Hari yn gouden letters op ’e rêch. It binne de persoanlike plakboeken fan Mata Hari, dy’t sy op har reizen troch Europa altyd mei har mei droech.

Wagenaar rekket fassinearre troch de ynhâld fan de plakboeken. It is Mata Hari har persoanlik ferslach fan in libben yn de skynwerpers, fol foto's, flyers fan optredens, resinsjes en telegrammen. En uteraard kladsjes en brieven fan ferneamde minners en bewûnderers, lykas baron Henri de Rothschild, de komponisten Massenet en Puccini en sûkeladefabrikant Gaston Menier. Yn har stevige hânskrift skriuwt Mata Hari dêr koarte oantekenings by.

Wagenaar nimt de boeken mei nei Hollywood, dêr’t se yn de tiid fan de Twadde Wrâldoarloch feilich opburgen binne yn de klûzen fan de Bank of America. Hy lit syn unike samling Mata Hariana nei oan it Fries Museum. Dêr binne de plakboeken foar elkenien te sjen yn de seal dy’t wijd is oan Fryslâns romroftste dochter. Elke besiker kin dan sels digitaal blêdzje troch de plakboeken dêr’t Mata Hari sa grutsk op wie.