mantelspjelde fan winaam

Oer de fibula fan Winaam kinst in boek skriuwe en dat lêst ek nochris as in spannende thriller. De bekende mantelspjelde út om ende by 625 nei Kr. is in ikoan fan de Fryske archeology. It geheim fan dat Fryske sieraad ûntjout him hieltyd fierder. Sûnt de fynst fan it earste stik hat it ûnderwerp west fan spekulaasje en ûndersyk.  

fibula van Wijnaldum, circa 625 na Chr., goud met almandijn

Yn 1953 fynt in boerefeint by it graven fan in drainaazjeslúf op de terp Tjitsma in grut stik goud mei reade stiennen. It Fries Museum krijt it stik yn hannen en lit it restaurearje by it British Museum yn Londen. Eksperts sjogge oerienkomsten mei de fynsten fan it iermidsieuske keningsgrêf Sutton Hoo yn Ingelân. It fermoeden bestiet dat de Winamer spjelde eigendom fan in Fryske kening west hat. Opgravings en detektoraktiviteiten yn de njoggentiger jierren laten ta de fynst fan missende ûnderdielen. As in puzel waard de fibula stikje foar stikje ynfolle. De kopplaat fan it sieraad koe sa mei de yn totaal tritich nije fragminten rekonstruearre wurde. Undersikers mienden der in masker op te sjen. Yn kombinaasje mei it feit dat foaral froulju de spjelde droegen, brocht dat de ûndersikers ta de konklúzje dat it sieraad net oan in Fryske kening tabehearde, mar earder oan syn frou, de keninginne, of oan in prysteresse.    

Yn de hjerst fan 2012 is de fibula opnij ûndersocht, diskear yn in laboratoarium yn Parys. Doel fan dat ûndersyk wie om te achterheljen fan watfoar materiaal oft de reade stientsjes binne en wêr’t dat wei komt. Analyze wiisde út dat de spjelde ynlein is mei almandyn, in type healgranaat, dat nei alle gedachten út de regio Rajasthan yn Yndia komt. Dat betsjut net dat de fibula it label made in Indiakrijt, mar wol dat der al yn de sânde ieu grûnstoffen fan fier nei Fryslân kamen. Dêryn is Fryslân net unyk, in protte oare objekten út oare streken yn Nederlân en Europa binne ek ynlein mei eksoatysk almandyn. De netwurken rikten dus fia in soad tuskenstappen fan Winaam oant Rajasthan.

 Wêr’t de fibula by it ûndersyk wol unyk yn blykte te wêzen, wie de hoemannichte almandyn dy’t brûkt is. Mei mar leafst mear as 300 yndividuele stientsjes is de fibula it grutste ynleine sieraad út iermidsieusk Nederlân, en miskien wol út Europa.

Hoewol’t der hieltyd nije ynsichten komme, wurdt it geheim fan de fibula nei alle tinken noait hielendal ûntraffele. Gelokkich mar, want sa bliuwt de spjelde it meast ta de ferbylding sprekken. De hoemannichte berneboeken, romans en replika’s dy’t dertroch ynspirearre binne, jouwe oan dat it objekt elkenien oansprekke kin. De fibula is dêrmei topstik by útstek en makket op ús noch krekt likefolle yndruk as dat er op de sânde-ieuske terpbewenners dien hawwe moat.