it skriuwplankje fan tolsum

Tsjintwurdich lêze jo in tekst yn pdf op jo tablet of e-reader. Kontrakten krijt men ek digitaal. Papier is âlderwetsk. Noch âlderwetsker, dat wol sizze út de Romeinske tiid, is it skriuwtaffeltsje fan Tolsum. Lykas mei in soad terpen yn Fryslân it gefal wie, waard begjin foarige ieu ek de terp fan Grut Tolsum ôfgroeven. Yn 1914 waard dêrby ien diel fan de oarspronklike trije dielen fan in dinnehouten plankje fûn en nei it Fries Museum brocht.

 - it romeinske skriuwplankje fan Tolsum, 29 nei Kr., kolleksje Frysk Genoatskip  -

Hoewol’t it der op it earste each miskien net útsjocht as in topstik - it is brún, glimt net en is net grutter as in tablet - is it dat wol. In Romeinsk skriuwplankje is in seldsume fynst yn ús kontreien en is dus belangryk foar de Romeinske skiednis fan Fryslân. It is ek de meast noardlike hânskreaune Latynske tekst fan it kontinint.

Romeinske skriuwplankjes lykas dizze hienen in laach waaks, dêr’t de tekst yn krast wurde koe mei in skriuwstift. De waaks is al lang fergien. Gelokkich hat de tekst op ús plankje spoaren achterlitten op it hout sels. Oarspronklik waard oannommen dat de tekst gong oer in keapkontrakt fan in ko, tusken in Romein en in Fries. In mooglike oanwizing foar hannel tusken Friezen en Romeinen. Om’t wy de ko mei Fryslân identifisearje, is it oantreklik om de tekst sa te lêzen. Wat fertelt ommers mear oer de kontakten tusken Friezen en Romeinen as it ferkeapjen fan in Fryske ko oan in Romein? Dat past ek by de ferhalen oer de belesting dy’t de Friezen oan de Romeinen betelje moasten yn de foarm fan kowehûden. Dy maatregel late úteinlik ta de Fryske opstân yn 28 n. Kr.

Dochs wie der twivel oer de ynterpretaasje en gong it plankje yn 2009 nei Oxford foar nij ûndersyk. Yn Ingelân die bliken dat der hielendal gjin Fryske ko op it plankje foarkomt. De tekst is in skuldferklearring tusken in slaaf, miskien ûnferwachts de skuldeasker, en in ûnbekende skuldner. Tsjûgen binne in oantal Romeinske legionêrs, mei dêrûnder in Bataaf. Datearring: 23 febrewaris 29 n. Kr. Mei de nije datearring giet it om it âldste skriftdokumint fan Nederlân. De fermelding fan de Bataafske soldaat is unyk. Mooglik falt it kontrakt no te pleatsen yn de kontekst fan de Fryske opstân, mar dat stiet net hielendal fêst. 

De tekst op it skriuwtaffeltsje fan Tolsum fertelt dus it ferhaal fan de slaaf en de skuldner. Mar it plankje sels fertelt ek hoe’t de Fryske ko fan it skriuwtaffeltsje ferdwûn. Hast 2000 jier nei’t it plankje makke is, is it in Frysk topstik wurden. Miskien dat oer 2000 jier de tablet ek as topstik yn in museumfitrine telâne komt.