it frysk kostúm, mei gouden earizer

Tsjintwurdich makket it de gemiddelde Nederlânske konsumint net safolle út oft in stik klean modieus is, of ferantwurde makke is. Wol wichtich is de fleksibiliteit. ‘Je moatte dermei op de fyts kinne, nei je wurk, en letter nei in feestje’, is de útkomst fan in resint promoasje-ûndersyk nei de ‘Nederlânske moade-identiteit’. Dat stiet fier ôf fan de klean dy’t bekend steane as it ‘Frysk kostúm’. Dat kostúm wurdt no allinnich by folkloristyske feesten út de kast helle, want fleksibel? No nee.

Foar it Fries Museum is it Frysk Kostúm in ikoan. Wy hawwe yn de kolleksje lykwols net de hjoeddeiske fariant, mar de foarbylden út de kostúmskiednis. ‘Kostúm’ suggerearret wat tradisjoneels, eat dat net feroaret. Sa ûntwikkelje har yn Nederlân yn de 19de ieu ferskate tradisjonele kostúms. By alle drachten is de hollebedekking fan de froulju it meast karakteristyk. Mei dy streekdrachten litte minsken sjen út hokker regio oft se komme en by watfoar groep oft se hearre, dus wat harren identiteit is. Yn Fryslân binne typearjende klean sels droegen fan de 17de oant yn de 20ste ieu. Yn dy perioade feroaret it Frysk kostúm lykwols mei de ynternasjonale moade mei.

De hollebedekking past him dêrby oan en feroaret ek. Der is einliks gjin sprake fan ien Frysk kostúm, mar fan ferskillende moadebylden, dêr’t altyd in earizer en in kanten mûtse by droegen wurdt. Yn de 16de ieu is in earizer letterlik in izeren tried. Dy hâldt in ûndermûtse stevich op ’e holle, en dêr wurdt in boppemûtse oan fêstmakke. Dat earizer groeit út ta in sieraad en is dan fan sulver of goud. It feroaret yn trije ieuwen fan foarm: fan klammerke oant helm. De kanten mûtse past him ek hieltyd oan by de moadeklean en de nijste kantsoarten.

Healwei de 19de ieu hat de frouljusmoade ymposant wide rokken. Faak mei in hoepelrok derûnder, wat je no noch wolris by in troujurk sjogge. De hjoeddeiske Fryske kostúms binne kopyen fan dy moade. Autentike klean binne net mear draachber, om’t minsken earder lytser en slanker wienen, âlde stoffen te kwetsber binne en de bewegingsfrijheid net oerhâldt.

In foarbyld is de twadielige japon fan Martine Roorda (1834-1896), dochter fan in predikant. Har wollen kostúm hat in modern eagjend, yn de stof beweve motyf. Troch de enoarm wide lange rok liket har taille ekstra slank. Har jak hat ôfsakke brede skouders, útrinnende mouwen en in rimpele skoatsje. It gouden earizer is bedutsen mei in ‘sloppe’ floddermûtse fan kloskant en fersierd mei gouden mûtsespjelden en in ‘foarhollenulle’.

Dûnsgroepen drage by dit kostúm steefêst in ‘tipdoek’, in trijekantige halsdoek, en in skelk, dy’t soargje foar uniformiteit. Sa unifoarm hat it Frysk kostúm yn it ferline net west, om’t ek doe elke frou datjinge útsocht wat sy it meast oantreklik fûn, krekt as yn dizze tiid it gefal is. 

Gieneke Arnolli - conservator mode en textiel