hylper keamer

Timmerman Oege van Dijk skreau syn namme en it jiertal 1880 op de achterkant fan in houten wand fan de Hylper Keamer fan it Frysk Genoatskip. Syn namme kaam yn 2012 goed lêsber wer te foarskyn. De Hylper keamer waard doe út it Eysingahûs helle en ferhuze nei it nije Fries Museum.

Oege is ien fan de timmerlju dy’t de Hylper keamer yn ’e rin fan de tiid opboud, ôfbrutsen, ferhuze en opnij opboud hat. De keamer hat nammentlik hiel wat ôfreizge. Hy is dêr sels spesjaal foar makke. Hoe’t dat sit? Yn 1877 organisearre it Frysk Genoatskip de Histoaryske Tentoanstelling fan Fryslân. Dat wie yn it Stedhâlderlik Hof yn Ljouwert. De keamer is spesjaal foar dy tentoanstelling gearstald. Yn Hylpen wienen sokke keamers al lang net mear te finen. Sadwaande waard er makke op grûn fan wat der noch oan restanten te sjen wie en wat minsken noch foar de geast stie. Beskildere tafels en stuollen, bedsteeën en oar materiaal, lykas sitsen stoffen út Yndia en kreakporslein út Sina, waarden fûn yn Hylpen en oare plakken.

De rekonstruksje fan in Hylper ynterieur yn Ljouwert waard in grut sukses. Tanksij it beteljende publyk koe it Eysingahûs oankocht wurde en waard it Fries Museum stichte. Dêr is de keamer yn 1880 opnij opboud, troch ús Oege. Yn 1881 koe it publyk der wer yn omrinne. Twa jier dêrfoar hie dy keamer, yn min ofte mear deselde foarm, ek noch yn Parys west. It publyk dêr fûn it sa bysûnder dat oare stêden en samlers ek sa’n keamer hawwe woenen: Hylpen (1881), Amsterdam (1883), Düsseldorf (1885), Dordrecht (1896), Berlyn (1898), Nürnberg (1902) en Arnhem (1919).

De Hylper keamer yn it Fries Museum is om samar te sizzen de mem fan alle Hylper keamers, sels fan de keamers dy’t yn Hylpen sels te sjen binne! De keamer dy’t yn 1881 tydlik yn Hylpen wie, is deselde dy’t sûnt 1898 yn Berlyn wie. De keamer dy’t sûnt 1964 yn Museum Hindeloopen stiet, is de keamer dy’t yn 1885 foar Düsseldorf makke waard. Hylper keamers binne dus in soarte fan reizgjend promoasjemateriaal. Se litte de wrâld sjen hoe bysûnder oft de Hylper kultuer is.

Yn it nije Fries Museum docht de Hylper keamer krekt wat er heart te dwaan. En mear as dat. Foar it earst sjocht it publyk oan de rommelige achterkant dat de keamer makke is as boupakket. En timmerman Oege van Dijk? Ut de argiven docht bliken dat er berne is yn Ljouwert yn 1859. Yn 1884 troude er mei naaister Jeltje Bruis. Miskien melde syn neikommelingen har wol as se dit lêze.