gerrit benner, landschap met rode wolk

It gearstallen fan in tentoanstelling begjint meastal mei in pear wurken as útgongspunt. Dy wurken binne de heipeallen fan de tentoanstelling, it fûnemint fan in samling. De skilderijen fan de Fryske skilder Gerrit Benner (Ljouwert, 1897 - Nijemardum 1981) binne paadwizer en útgongspunt foar de presintaasje fan moderne keunst yn it Fries Museum: Hoarizonnen. Hy is in keunstner dy’t as neatich minske witte wol wat syn plak is yn de sobere, wide natuer fan Fryslân.

landschap met rode wolken, 1969, olieverf op doek, AG Benner, collectie provincie Fryslân

Dy fisy en libbensopfetting slute ek goed oan op in byld dat in soad minsken hawwe fan ‘de Fries’. In boarger dy’t yn isolemint libje kin, himsels rêde kin en de rest fan de wrâld mei syn ûntwikkelingen stilwei foarbyglide lit, as in trein yn de fierte fan de hoarizon. De boargers fan it hege noarden hawwe freonskip sletten mei it wetter fan de see en de rein. Se bouwe dammen, sleatten en diken wêr’t dieren de romte hawwe om te weidzjen. En boppe-al: de minske is dêr net ferpest troch de ferdoarne stedske maatskippij. In wiere natuersêge riist op.

Dêrneist is Gerrit Benner in skilder dy’t de natuer op in folslein eigen wize fertaalt nei skilderijen. Sa’t de titel fan dit wurk ûnthjit, binne de wolken read, (giel en grien) en hingje swier as blokken yn ’e loft. Benner ferienfâldiget foarmen hieltyd mear, wêrtroch’t yngewikkelde figueren ta harren essinsje komme. De loft en it lânskip binne gelikense reuzen en like dominant oanwêzich. Opfallend oan de lânskippen fan Gerrit Benner binne de lege hoarizonnen, dy’t de suggestje fan ûneinichheid oproppe. Dat jout de keunstskilder in eigen skaaimerk en in autentyk karakter. Fryslân is grutsk op Benner. As autodidakt skopte er it ommers ta it Stedelijk Museum yn Amsterdam. Tagelyk bleau er trou oan syn muze: de fiergesichten fan it Fryske plattelân.