alma-tadema's 'amo te ama me'

In jonge en in famke op in bank. Hy linet wat har kant oer. Sy, in bytsje skrutel. Se hat krekt in bosk roazen fan him krigen, dy’t se bestudearret as oft har libben dêrfan ôfhinget. De yn Dronryp berne Lawrence Alma-Tadema (1836 - 1912) skildere it yn 1881. Hy neamde it: ‘Amo te ama me’. Letterlik: ‘Ik hâld fan dy, hâld ek fan my.’

Sir Lawrence Alma-Tadema, Amo te ama me, 1881, olieverf op paneel, verworven met steun van Vereniging Rembrandt, Mondriaan Stichting en Wassenbergh-Clarijs-Fontein Stichting

Alma-Tadema pleatste it fereale pear yn de Romeinske âldheid. Dat sjogge wy oan de marmeren bank en oan harren klean. Mar dy leafdesskiednis kin him likegoed hjoed of moarn ôfspylje. Alma-Tadema syn publyk wie gek op dit soarte skilderijen. De Romeinske âldheid wie doe yn ’e moade en dit binne ek noch ris maklik te begripen foarstellingen. Se binne ek bjusterbaarlike goed skildere. Je moatte der hieltyd wer nei sjen. Bygelyks nei it marmer dat suver wat trochskinend liket te wêzen.

Alma-Tadema hie safolle sukses dat er oer de hiele wrâld klanten hie. Dit skilderij wie spesjaal makke foar it hûs fan de skatrike bankier Henry Marquand yn New York. Alma-Tadema wist presys wat it publyk sjen woe. Hy ferhuze sels nei Londen om’t er wist dat syn foarstellingen dêr it meast yn ’e smaak falle soenen. Syn grutte hûs en atelier waarden ferneamd en wienen folslein yn Romeinske styl ynrjochte. Hy waard sels in ryk man. Mar doe’t de keunstner stoar yn 1912, wie dit soarte skilderijen alwer út ’e moade. Se waarden no te swietsoppich fûn. In Alma Tadema wie ynienen kitsch en wie neat mear wurdich.

Yn Hollywood seagen se dat hiel oars. Spylfilms wienen net hiel lang nei de dea fan Alma-Tadema it nijste folksfermeits. De pakkende ferhaaltsjes, it dekor en de sfear yn syn skilderijen wienen krekt wat de filmmakkers sochten. Boppedat skilderet Alma-Tadema hiel tûk faak it momint krekt foar de ‘aksje’ en net it barren sels. Syn skilderijen binne ûntsettend ferliedlik en raze derom om ferfilme te wurden. Dat die Hollywood dan ek: Romeinske spektakelfilms lykas Cleopatra (Cecil B. DeMille 1934), Ben-Hur (William Wyler 1959), Spartacus (Stanley Kubrick 1960), en ek mear resinte films, binne libbene Alma-Tadema’s. Om guon games mar net te ferjitten.

De keunstner hat dat sels uteraard net mear meimakke. Mar it past miskien wol by him. Hy ûntwurp sels al teaterdekors en kostúms, om’t syn wurk sa geskikt wie foar it teater. En syn hûs yn Londen wie the place to be. Syn gasten fielden har yn dat geweldige dekor as haadpersoanen yn in libbene Alma-Tadema. Se lieten har dêr graach ferliede ta it bestellen fan in skilderij.

 It Fries Museum hat foar de tentoanstelling oer Alma-Tadema de Turing Toekenning 2015 wûn. De Turing Foundation kent dizze priis ta wearde fan 500.000 euro ris yn de twa jier ta foar it bêste tentoanstellingsplan fan in Nederlânsk museum.