rûte

It Fries Museum is fêstige op it Wilhelminaplein yn Ljouwert. 

mei it iepenbier ferfier

It Fries Museum leit yn it sintrum fan Ljouwert op 5 minuten rinnen fan it trein- en busstasjon. Kinst dyn rûte nei stasjon Ljouwert planne mei 9292.

rinrûte by it stasjon wei

By it stasjon wei stekst de dyk oer nei de Sophialeane. Rin hieltyd rjochttroch fia de Prins Hendrikstrjitte nei it Wilhelminaplein. Oan dyn rjochterhân fynst it museum op it plein.

mei de auto

Mei de auto folgest de P-rûte nei parkeargaraazje Zaailand neist it museum. Kinst dêr alle dagen fan ’e wike 24 oeren deis terjochte. Parkearjen kostet maksimaal € 7,50 per dei. Yn parkeargaraazje Zaailand binne ferskate parkearplakken oanwêzich foar minderfaliden, ticht by de opgong. Fia de opgong komst direkt yn de museumhal.

Adresgegevens Parkeargaraazje Zaailand
Saailân 5
8911 BL  Ljouwert

mei de fyts

Kinst dyn fyts fergees yn de fytsestalling op it Saailân sette.

 

Google Maps in Homepage