eveneminten en ferhier

Stylfolle eveneminten mei in kultureel tintsje op de moaiste lokaasje fan Ljouwert. Fan in profesjonele presintaasje oant in lúks diner of in fergadering op in toplokaasje. Foar elk evenemint fine jo in geskikte seal yn it prachtige nije gebou fan it Fries Museum. Mei de keunst en skiednis fan Fryslân om jim hinne genietsje jo en jo gasten fan in persoanlike ûntfangst. 

Watfoar evenemint oft jo ek yn gedachten hawwe, mei-inoar meitsje wy der wat bysûnders fan. Wolle jo eefkes yn it museum sjen om ynspiraasje op te dwaan? Wy jouwe jo graach in rûnlieding. Nim kontakt mei ús op foar fragen, advys of in frijbliuwende kennismakking.

evenementen@friesmuseum.nl
058 255 55 00

fergaderje

Fergaderje op de moaiste lokaasje fan Ljouwert: dat dogge jo yn de panoramaseal op de tredde ferdjipping. Lit jo ynspirearje troch it prachtige útsicht oer de stêd Ljouwert. En wat tochten jo fan in stylfol priveediner of royale lunch mei in selekt selskip? Wy fersoargje dat graach oant yn ’e puntsjes. It rabobank atelier is in multyfunksjonele romte mei de sfear fan in yndustrieel laboratoarium. Dat is ít plak foar in ynteraktive workshop of gearkomste. Alles wat nedich is foar in aktyf en ynspirearjend evenemint is oanwêzich. Jo en jo gasten kinne daliks oan ’e slach.

lunch en diner

Fan in hapke en in buorrel oant in lúks diner, mei ús spesjale arranzjeminten meitsje jo elk evenemint kompleet. Freegje nei de mooglikheden en tariven.

feestlik

De hal fan it museum hat in iepen en romtlik karakter. It is in prachtige lokaasje foar in gesellich sûpke of in grutte presintaasje.

Hawwe jo fragen? Nim dan kontakt mei ús op fia evenementen@friesmuseum.nl of (058) 255 55 00.