bern spesjaal foar de jongste besikers

Yn it Fries Museum is fan alles te dwaan. Nim in Doeboek mei it museum yn en ûntdek alles oer de bysûndere objekten yn de sealen. Libje dy hielendal út by alle aktiviteiten! Of fier in spetterjend jierdeifeestje yn it museum.

speurtochten

Speurtochten binne fergees ôf te heljen by de baly fan it museum.

fryske helden en skatten
De tentoanstelling Ferhaal fan Fryslân is it alderleukst ast ien fan de twa gratis speurtochten meinimst! Meist sels kieze oftst oan ’e slach wolst mei Fryske helden of mei Fryske skatten. En ast dan wer ris nei it museum komst, kinst de oare speurtocht dwaan.
doer: 45-60 min

ûntdekkingstocht
Bern fan 3 oant 6 jier kinne op ûntdekkingstocht troch it museum mei in plaatsjekaart. Kinsto alle plaatsjes fine?

fersetsmuseum
Foar alle speurnoazen fan 6 jier ôf hat it Fries Verzetsmuseum in speurtocht klearlizzen. Dy speurtocht giet troch it hiele fersetsmuseum. Wat makken minsken yn de Twadde Wrâldoarloch mei yn Fryslân? Wa wie Jan de Rooy en oan wa joech in Dútske militêr in pear skuon? Dat silst allegearre ûntdekke! Hast de speurtocht dien? Dan leit der in kadootsje foar dy klear.

bernedireksje

It Fries Museum hat in echte bernedireksje. Dat achtkoppige team helpt mei by it ûntwikkeljen fan ûnderwiisprogramma’s, jout rûnliedingen en advisearret it museum op alderlei gebieten. Yn it skoaljier 2016-2017 makken wy mei harren twa films: ien oer yndrukwekkende ferhalen út it Fries Verzetsmuseum en ien oer harren favorite foarwerpen yn Ferhaal fan Fryslân.

museumjeugduniversiteit

Wol jim bern altyd alle details witte? Jou him of har dan op foar de MuseumJeugdUniversiteit. Foar elke searje kolleezjes komme echte wittenskippers en eksperts nei it museum om te fertellen oer harren fakgebiet. Nei ôfrin krije de dielnimmers in echt diploma.

Speel video af

de bernedireksje fertelt.

ús kubus, kinderen exposeren

Yn Ús kubus, kinderen exposeren jout it Fries Museum bern in poadium. Mear as fiifentweintich skoalklassen keazen sels watfoar foarwerpen oft se yn it museum eksposearje woenen. Yn de tentoanstelling ûntdekst ferhalen en foarwerpen dy’t de Fryske jongerein belangryk fynt. Fan in Yndonezysk sieradekistje dat al generaasjes lang fan mem op dochter trochjûn wurdt oant in rige tekeningen fan mobile telefoans. Untdek it sels!

ús kubus,  kinderen exposeren, foto: marieke balk

oanmelde bernenijsbrief

meld do hjir oan foar de bernenijsbrief: