stypje it museum

Om it Fries Museum ta in sukses te meitsjen, ha wy bot ferlet fan de belutsenens en bydragen fan partikuliere en saaklike freonen. Oerheidssubsydzjes binne net mear fanselssprekkend. Wy nimme de útdaging graach oan om eigen ynkomsten te generearjen en noegje jo út om freon te wurden. Sadwaande kinne wy aanst mei troch jo bydrage it ferhaal fan Fryslân fertelle, prachtige eksposysjes en aktiviteiten organisearje, mar ek oankeapen foar de kolleksjes dwaan en restauraasjes útfiere.